Twa fertochten fan ôffaldumping op A7 by Marum langer yn foararrest

De rommel wie ek yn 'e brân stutsen © ANP
De twa fertochten dy't tiisdei oanholden binne op fertinking fan ôffaldumping op de A7 by Marum, bliuwe twa wiken langer yn foararrest. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten.
It ûndersyk nei de saak giet fierder. It giet om in man fan 20 fan De Gordyk en in man fan 19 út de Grinzer Pein. Sy soene ein july en begjin augustus rommel op de sneldyk delsmiten hawwe.
Ferline wike waard al in man fan 32 út de gemeente Westerkwartier oanholden foar ôffaldumpingen by Fryske Peallen en Marum. Alle trije manlju wurde fertocht fan brânstichting en it oertrêdzjen fan de wet miljeubehear.