Kraan omfallen oan Slachtedyk by Boazum, bestjoerder ferstoarn yn it wetter

© Noordernieuws
Oan de Slachtedyk yn Boazum is in lânboukraan omfallen, meldt de plysje. Dêrtroch is de bestjoerder fan de kraan yn it wetter bedarre en ferstoarn.
It ûngelok barde om 13.35 oere hinne. De plysje joech earder oan dat der helpferliening opstart wie. Njonken de plysje binne ek de brânwacht, ambulânse en in Mobiel Medisch Team oanwêzich op it plak fan it ûngelok.
De plysje is dwaande it stoflik omskot feilich út it wetter te heljen en docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.