180 oeren taakstraf foar jonge manlju efter karbidkanon op De Jouwer

© Martin de Jong Fotografie
Tsien jonge manlju fan De Jouwer en omkriten binne feroardiele ta 180 oeren taakstraf foar de ûntploffing mei in karbidkanon op âldjiersdei 2020 yn it sintrum fan De Jouwer.
De eksploazje fan it karbidkanon late ta skea oan auto's, winkels, hûzen en hotel Anne-Klare. Gjinien rekke slim ferwûne.
Trije fan de manlju rieden op de jûn yn in auto mei dêrefter in omboude jarretank, folle mei fiif kilo karbid, troch it sintrum fan De Jouwer. It karbid ûntplofte by in brêge oan de Tolhûswei.De sân oare manlju wienen dêrby.
Neffens de fertochten woenen se it kanon ôffjurje yn in park. Se sizze dat de ûntploffing in ûngelok wie.
It glês lei oeral op strjitte troch it karbidkanon © Hotel Anne-Klare op De Jouwer
It Iepenbier Ministearje seit lykwols dat der sprake wie fan pland en 'doelbewust gevaarlijk handelen'. De eask wie in taakstraf fan 180 oeren en in selstraf ûnder betingst, tsjin alle tsien. De rjochter giet mei yn de 180 oeren taakstraf.
De advokaat fan de manlju sei dat der gjin sprake wie fan opset, en dat it kanon ôfgie troch 'statyske ûntlading'.

Soad bewiismateriaal

Mar neffens de rjochter wie der in soad bewiismateriaal, lykas WhatsApp-petearen, fideobylden fan de manlju sels, mar ek bylden fan fideodoarbellen. Tsjûgen hawwe sein dat de manlju foarôfgeand oan de klap de hannen tsjin de earen drukten, guon wienen oan it filmjen.
Guon fan de manlju binne fuortendaalks op 1 jannewaris nei de plysje stapt. Neffens de rjochter lieten se doe net 'it efterste fan de tonge' sjen.

Auto en ûntstekker wei

It Iepenbier Ministearje tinkt dat ien fan de manlju yn de auto in ûntstekker brûkt hat. De plysje hat de auto en de ûntstekker net ûndersykje kinnen. De auto soe dagen nei it foarfal nei de sloop brocht wêze.
De manlju melden har op nijjiersdei 2021 by de plysje, sy woene de skea fergoedzje. Mei crowdfunding waard 30.000 euro ophelle. Sels fine se dat se dêrmei har ferantwurdlikens naam ha, mar it Iepenbier Ministearje fynt it net genôch.
Foar Ardi Anker fan hotel Anne-Klare wie de saak al klear. "Ik werd geappt dat de uitspraak was, maar ik ben er zelf niet mee bezig. Voor ons is dat achter de rug. We denken er eigenlijk niet meer aan en zijn bezig met ondernemen in het mooie Fryslân."
It wachtsjen op de útspraak hat wat him oanbelanget ek te lang duorre. "Het is natuurlijk belachelijk dat zo'n rechtszaak anderhalf jaar lang duurt. Voor mij had de hele rechtszaak niet gehoeven. Op een gegeven moment is het klaar. Het was niet de bedoeling, maar het is opgelost en we gaan verder."