Earste tips oer sededelikt op It Hearrenfean liede noch net ta oanhâlding

Argyffoto fan rekreaasjegebiet De Heide © Frank Vink
De plysje hat oant no ta fjouwer tips binnen krigen oer it sededelikt dat ferline wike woansdei plakfûn hat yn it rekreaasjegebiet De Heide op It Hearrenfean. Dy ha noch net laat ta de oanhâlding fan in fertochte.
By it sededelikt op It Hearrenfean waard woansdei 3 augustus in 7-jierrich famke it slachtoffer fan it sededelikt. De fertochte is in jonge fan in jier as fyftjin, dy't doe in oranje swimbroek oan hie. Hy hat in wite hûdskleur en hat koart, donkerblond hier.
De plysje bliuwt op syk nei tips en bylden, seit wurdfierder Thijs Damstra fan de plysje. "As minsken foto's makke ha op dat rekreaasjegebiet dêr't mooglik dizze jonge te sjen is, dan ûntfange we dy graach. Hoecht net iens in foto te wêzen dêr't je bewust fan binne dat de fertochte op stiet, mar sjoch it even nei."