Eutanasy driget foar walrus Freya, as Noarsk publyk har net mei rêst lit
Der driget eutanasy foar Freya, de walrus dy't ferline jier in besite oan Harns en it Waadgebiet brocht. Sy swimt no by Oslo, mar de Noarske autoriteiten fine dat sy te folle oandacht lûkt.
Freya is in attraksje wurden yn Noarwegen. Nettsjinsteande dat de oerheid ferskate oproppen dien hat om de walrus mei rêst te litten, bliuwt der publyk op ôf kommen. Badgasten soene geregeld te ticht by komme om Freya op de foto te setten en der soe ek guod nei de walrus ta smiten wêze.
Freya har sûnens rint tebek
Noarwegen fynt it hâlden en dragen fan it publyk domdryst en gefaarlik. It sûchdier is wol 600 kilo swier. It bist krijt te min rêst, sizze saakkundigen. Har sûnens giet der net op foarút en der wurdt tocht dat sy stress ûnderfynt fan de partijen folk dy't op har ôf komme.
Dêrom wurdt der ûndersocht oft 'oanfoljende maatregels' soelaas biede kinne. Ek eutanasy wurdt dêrfoar ûndersocht. Freya klom ek ferskate kearen op boaten yn de haven, mar dêr soe it net mei te krijen hawwe. It giet benammen om it bemuoisuchtige publyk.
Sander van Dijk fan seehûnesintrum Pieterburen is kritysk op de Noarske autoriteiten. "Dit hoeft helemaal niet, het dier is gezond en ze vertoont natuurlijk gedrag. Dit in tegenstelling tot de beloega in de Seine, die had beter wel afgemaakt kunnen worden."
Dwaalgast op it Waad
Ferline jier brocht Freya goed trije wiken troch by de Waadeilannen en Harns. It wie foar it earst yn 23 jier dat in walrus hjir oan wâl kaam.
De dwaalgast waard op 20 septimber by de sânplaat Simenssân njonken Skiermûntseach waarnaam. In bysûndere fynst, om't walrussen meast op driuwiis yn de poalsee libje. Sy krige hjir de namme 'Freya.'
It froutsje bleau yn elts gefal oant 12 oktober yn Fryske wetters. Der kamen in soad minsken nei har sjen. Dêrnei swom sy nei Den Helder, dat sy wer foar Grut-Brittannië ferruile. Letter swom sy nei Noarwegen ta.