Wakker Dier: 71 prosint Fryske kij krijt gjin skaad

Kij yn Gaasterlân © Shutterstock.com (Marc Venema)
Hast trije op de fjouwer Fryske kij stiet yn in greide sûnder skaad. Dat meldt Wakker Dier nei in stekproef. De bistewolwêzensorganisaasje ropt de oerheid op om mei in better hjitteplan foar it fee te kommen.
Wakker Dier telde foar it ûndersyk 5.400 kij yn 146 greiden, ferspraat oer de provinsje. Fan de bisten yn in greide soe 71 prosint sûnder skaad stean. By nochris 23 prosint wie der wol wat skaad, mar te min foar alle kij.
Mar seis prosint fan alle kij krige neffens Wakker Dier genôch skaad. Dat gong benammen om lytse groepkes kij. "Veel te veel dieren worden aan hun lot overgelaten", seit direkteur Anne Hilhorst fan Wakker Dier. "Plant bomen, bescherm je dieren tegen hitteleed."

Hjittestress en sûnensproblemen

De stekproef fan Wakker Dier wie op trije waarme dagen, wêrop't de bisten mooglik stress ûnderfûn ha troch de hjitte. By kij kin dat al by temperatueren boppe de 22 graden.
Net allinnich op de hite dagen kinne de bisten lêst ha fan de stress, mar op lange termyn kin it liede ta mear sûnensproblemen. Dan giet it om ûntstekkingen oan de jaar of klauwen.

Gjin Frysk probleem

Fryslân is de provinsje mei it measte melkfee en it grutste tal kij yn de greide, mar de stichting seit dat it beslist gjin Frysk probleem is. "Overal waar je komt, zie je dieren in kale weilanden. Weides zonder schaduw zijn meer regel dan uitzondering."
Sûnt twa jier lyn moatte bisten neffens de wet beskerme wurde tsjin de hjitte, mar neffens Wakker Dier gebeurt dat net genôch. De organisaasje is mei in petysje begûn om lânbouminister Henk Staghouwer om in ambisjeuzer hjitteplan te freegjen. Dy petysje is goed 50.000 kear tekene.
Wakker Dier: 71 prosint Fryske kij krijt gjin skaad

Boer wiist op simmerwrang

Melkfeehâlder Harm Wiegersma fan Rinsumageast fynt dat kij safolle as mooglik de frije kar krije moatte. "Hjittestress besykje je foar te kommen. As de ko it binnen better hat as bûten, dan moatte je dy ko de kar jaan om ek binnen komme te kinnen. Dat bepale sy dan sels wol."
Wiegersma is min te sprekken oer de krityk fan Wakker Dier. "Sy hawwe it oer beammen om it lân hinne, mar ik wit net oft sy wolris fan 'zomerwrang' heard hawwe. Dat hawwe je benammen by beamwâlen: dêr geane miggen sitten dy't de kij prikke. As je it net op tiid sjogge en kij in wrang-ynfeksje krije, dan kinne sy binnen 24 oeren dea wêze."
It is wat koart troch de bocht, sa fynt Wiegersma dus. "It is spitich dat Wakker Dier sa negatyf is oer de melkfeehâlderij. Elts hat wolris in ko dy't net goed is en deagiet, mar dat is by minsken ek sa." Soargje foar genôch wetter, goed gers en de mooglikheid om nei binnen te kinnen, dat is neffens Wiegersma it bêste.