Minsken út de Rânestêd ferhuzen yn Fryslân it faakst nei eilannen en Stellingwerven

De Noardertoer, de fjoertoer op Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Sa'n 75.100 minsken binne it ôfrûne jier ferhuze út de Rânestêd wei nei in oare regio yn Nederlân. Rânestêdelingen dy't nei Fryslân ferhuzen, gongen relatyf it faakst nei ien fan de Waadeilannen of de Stellingwerven. Dat blykt út sifers fan it CBS.
It tal minsken dat nei de Rânestêd ta ferhuzet is al in skoft ûngefear gelyk (ôfrûne jier 53.200), mar al sûnt 2014 wurdt de trek út de Rânestêd wei hieltyd grutter. Sûnt 2017 ferhúzje mear minsken út de Rânestêd wei as dernei ta.
De gemeenten dêr't Rânestêdelingen it faakst nei ta ferhúzje, lizze relatyf yn de buert, lykas yn Flevolân, it noarden fan Seelân en de Feluwe.
Mar ek Fryslân wurdt fûn. Alle Fryske gemeenten hienen yn 2021 in posityf ferhússaldo mei de Rânestêd. Dat betsjut dat der mear minsken fan de Rânestêd nei de gemeenten kaam binne as oarsom.
© Omrop Fryslân
Op it Fryske fêstelân binne de gemeenten tichterby de Rânestêd mear yn trek as fierder fuort. Yn gemeenten as Dantumadiel en Tytsjerksteradiel is it tal minsken dat nei de Rânestêd ta ferhuze mar krekt wat leger as it tal minsken dat dêrwei komt.
Dat ferskil is yn West- en Eaststellingwerf grutter: foar alle 1.000 ynwenners komme der sa'n fjouwer minsken mear út de Rânestêd as dat derhinne gongen.
Op trije fan de fjouwer Fryske Waadeilannen is dat saldo grutter. Dat kin al gau, omdat dêr ek folle minder minsken wenje. Ien Rânestêdeling derby op Skiermûntseach betsjut dat it saldo op tûzen ynwenners al mei mear as 1 omheech giet.