Nederlânsk team mei Marrit Steenbergen hellet goud op 4x200 meter by EK swimmen

Steenbergen dûkt it wetter yn © Orange Pictures
It Nederlânsk team mei Marrit Steenbergen hat in gouden medalje pakt by de 4x200 meter frije slach estafette by it EK swimmen yn Rome. It Nederlânsk team swom in tiid fan 7.54,07.
Imani de Jong, Silke Holkenborg en Janna van Kooten leinen by harren swimbeurt hieltyd twadde. As lêste kaam de Friezinne Steenbergen it wetter yn. Sy swom Grut-Brittannië noch foarby en dêrmei pakte Nederlân it earste plak.
Yn de searjes waard Nederlân noch twadde efter Hongarije.

Ek finale op de 100 meter

Steenbergen hat har ek pleatst foar de finale fan de 100 meter frije slach. Yn de heale finale swom se in tiid fan 53,08. Allinnich Charlotte Bonnet út Frankryk wie flugger. De finale is freed om 18:12 oere.