Fertutearze katten ferlost út wenning fol mei flieën op It Hearrenfean

De katten dêr't it om giet © Landelijke Inspectiedienst Dierenbescherming
De Landelijke Inspectiedienst Dierenbescherming (LID) hat seis kittens en in kat ferlost út in wenning fol mei flieën op It Hearrenfean. De bisten wienen bot ferhongere.
In ynspekteur fan de LID trof de katten oan yn in wente fol mei rommel. De bisten en it hûs sieten ûnder de flieën. Doe't de ynspekteur it hûs yn kaam, waard hy fuort troch de bisten oanklampe foar iten.
"Ze hadden ontzettend veel honger", fertelt Jelko de Ruijter fan de LID. "De inspecteur trof een grote bende aan. Overal rotzooi, afval, kleding. Je kunt het zo gek niet noemen of we kwamen het tegen."

Gjin jild foar iten

De eigeneresse fan de katten hie de bisten om har selskip te hâlden, mar de frou hie net genôch jild om de se goed te fersoargjen. "Ook voedsel kon ze niet betalen."
De LID hat de katten yn bewar nommen. Se binne oerbrocht nei in spesjalist wêrnei't bliken die dat se bloedearmoede hienen troch de flieën. De bisten sitte no op in geheime opfanglokaasje.

Hûnderten euro's

Alle kosten foar transport, medyske fersoarging en ûnderdak wurde op de eigeneresse ferhelle. Dy komt dêrtroch wer fierder yn de finansjele problemen.
"Het loopt in dit geval al snel in de honderden euro's", ferwachtet De Ruijter. "Als je het geld niet hebt, moet je dus geen dieren in huis nemen. Daarmee werk je jezelf verder in de lasten."