Doarren fan âld fabryk Tichelaar tydlik wer iepen, mooglik lêste kear

It âlde fabryk fan Tichelaar oan de Turfmerk © Ondernemersvereniging Makkum
Hast tsien jier nei't de doarren fan it âld ierdewurkfabryk fan Keninklike Tichelaar yn Makkum sleaten, is der fan dit wykein ôf wer folop drokte yn it histoaryske pân. Fan sneon ôf wurkje der trije keunstners yn in saneamd iepen atelier.
De keunstners gean ûnder it each fan it publyk op syk nei duorsume keramyske techniken foar de takomst. It giet om keunstners fan de studio's Humade, Studio Kirstie van Noort & Studio Lotte de Raadt en Labair.
Ald ierdewurkfabryk Tichelaar wer iepen
"Se wurkje mei fynstof, baggere seeslyk en izerwetter en besykje om dat te ferwurkjen yn hjoeddeistich keramyk", fertelt Anja Bouma, koördinator fan it iepen atelier. Der binne yn it fabryk ek oantinkens oan de histoarje fan Tichelaar te sjen, lykas âlde films en in kolleksje fan oarderformulieren út de foarige iuw.
De tentoanstelling hat alles te krijen mei it 450-jierrich jubileum fan Tichelaar. Dat bestiet al sûnt 1572 en is ien fan de âldste bedriuwen yn ús lân. Yn 2013 hold Tichelaar op mei it meitsjen fan sierierdewurk en gienen it fabryk en de ierdewurkwinkel oan de Turfmerk yn Makkum ticht.
"Nei tsien jier komt it hjir wer ta libben", seit Bouma. "We moasten by wize fan sprekken troch de spinreagen nei binnen ta. It wie flink himmeljen."
Hjir sille de keunstners oan it wurk © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
By de yngong fan it âld fabryk leit in meters hege bult grûn, dy't ek tentoansteld wurdt. It is de basisklaai fan de tegels en it ierdewurk. "Echte Fryske giele", seit Beene Schotanus. Hy wurke hast 50 jier by Tichelaar en holp mei om de bult yn it fabryk te krijen.
Yn 1978 waard de klaai ôfgroeven by boer Wiersma yn Sopsum, in buorskip yn de gemeente Waadhoeke. Schotanus: "It wie in fergetten hoekje, dat it stienfabryk lizze litten hie. Foar Tichelaar wie it bêst genôch."
De grûnstof foar de keramyk hat in prominint plak © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
It iepen atelier wurdt holden fan sneon 13 augustus oant en mei freed 30 septimber. Neffens Bouma soe it samar kinne dat it de lêste kear is dat it fabryk fan binnen te besjen is.
It kolleezje fan Súdwest-Fryslân stimde yn juny yn mei de bou fan 43 soarchwenningen op it fabryksterrein.