Dit is hoe't De Lemmer kampioen fan de SKS waard

Gearfetting fan de twadde wedstriid by De Lemmer
Grut feest op De Lemmer: op it eigen thúswetter pakten de Lemsters mei skipper Albert Visser foar it earst yn 34 jier wer de titel yn de SKS. De Lemmer kaam tongersdei as earste oer de einstreek en is dêrmei net mear yn te heljen.
Mei allinnich noch in wedstriid by Snits op it programma, liket Grou it twadde plak te pakken, al is dat noch net wis. De striid om it tredde plak leit noch iepen: dy giet tusken de bruorren Brouwer fan It Hearrenfean en Langwar.
De wedstriden fan it SKS-kampioenskip binne streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Op ús webside, app en op YouTube.
De útstjoering set alle dagen om 13.45 oere útein mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot. Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.