Moai simmerwaar soarget foar topdrokte by fytspontsjes yn Fryslân

Drokte by de pont © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Mei it moaie waar dizze dagen geane in soad minsken efkes lekker fuort mei de fyts. Dat betsjut ek topdrokte by de fytspontsjes yn Fryslân.
Net by alle pontsjes kin der pind wurde, mar dat is foar de measte fytsers gjin probleem. Sy ha hjoed-de-dei noch foldwaande kontant jild yn 'e bûse.
Ferslachjouwer Lennard Geerts socht de drokte op by de pontsjes fan Warten en Sweins