Andor Faber presintearret it IFKS Sjoernaal: "Striid, striid en nochris striid"

© Omrop Fryslân
Mei in deistich IFKS Sjoernaal jout Omrop Fryslân de kommende wike wiidweidich omtinken oan it skûtsjesilen. Presintator Andor Faber docht ferslach en giet op syk nei de ferhalen efter de skippen.
Sneon 13 augustus set de kompetysje yn de IFKS útein. De earste wedstriid is op de Iselmar, by Hylpen.
Wêr sjochst dit jier it meast nei út?
"Dat it wer kin! De IFKS koe fansels twa simmers net trochgean. En no einlings wol wer! It is altyd in prachtich gesicht op de Fryske marren: wylst de iene IFKS-klasse drok dwaande is mei de wedstriid, is de oare oan it ynsilen foar de start. Dan sjochst tweintich oant tritich fan dy prachtige skûtsjes yn ien eachopslach op it wetter. Machtich!"
Wat fynst der sa moai oan?
"Ik fyn de sfear by de IFKS altyd hiel moai. Op it wetter is it in keihurde striid en der wurdt alles oan dien om sa heech mooglik te einigjen, mar dêrbûten is it hiel gemoedlik en kin eltsenien mei-inoar. Wat ek moai is: jong en âld stride tsjininoar.
Yn de A-klasse hast oan de iene kant rûtiniers as Sikke Heerschop, Ulbe Zwaga en Tony Brundel. Oan de oare kant hast de jongere skippers as Arjen de Jong en Wytse Heerschop. En wat sa moai is, is wat ik krekt sketste. Dat prachtige byld fan al dy skûtsjes op ien wedstriidwetter. Simmer yn Fryslân yn optima forma."
De top 3 yn 2019 yn de A-klasse:
Eelkje II, Jeroen de Vos, 22,9 punten
Wylde Wytse, Sikke Heerschop, 23,9 punten
Waaksdom, Ulbe Zwaga, 24,8 punten
Wat kinne wy ferwachtsje?
"Striid, striid en nochris striid! Nei twa simmers sûnder IFKS hat eltsenien der wer in ôfgryslik soad nocht oan. Dat betsjut begearige bemanningen, miskien soms wol té begearich, en dêrom spannende wedstriden mei spektakel. Alhoewol: dan moat it waar wol meiwurkje. Simmerwaar sa as no bringt faak net in soad wyn mei him mei. En dat is wol in eask fansels."
It hat alle yngrediïnten yn him om spannender as ea te wurden.
Andor Faber
Wa wint?
"Poeh, dat is in goeie fraach. As we nei de A-klasse sjogge, binne der dit jier mear kânshawwers as ea, tink ik. Klaas Kuperus waard al ris kampioen en sylde goed yn it foarseizoen. Pieter-Jilles Tjoelker waard de lêste twa edysjes kampioen fan de C- en B-klasse en hat in fluch skûtsje.
En poets skippers as Geale Tadema, Froukje Osinga-Meijer, Jeroen de Vos, Sikke Heerschop en Ulbe Zwaga net út mei al harren ûnderfining. Koartsein: it hat alle yngrediïnten yn him om spannender as ea te wurden!"
Mis neat fan de IFKS!
It IFKS skûtsjesilen is fan 13 augustus oant en mei 20 augustus live op radio te folgjen by Omrop Fryslân. Jûns sjocht Andor Faber werom op de wedstriid yn it IFKS Sjoernaal Sjoch foar alle ynformaasje op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.