De Westergoawei by Wommels hast trije wiken ticht

De Aylvapoldermûne njonken de N359 by Burchwert © Shutterstock.com (Travel Telly)
De provinsje slút in stik fan de Westergoawei hast trije wiken ôf fanwegen wurksumheden oan de dyk. It giet om it stik fan de N359 tusken de krúspunten fan Burchwert en Wommels-Súd.
De dyk is ticht tusken 29 augustus en 16 septimber. It krúspunt Wommels-Súd, by de Hottingawei, is op 30-31 augustus en op 5, 8 en 12 septimber folslein ôfsletten foar it ferkear. Wommels is dy dagen allinne berikber fia it krúspunt Wommels-Noard.
It trochgeand ferkear moat omride fia Snits oer de A7, N354 en N384. Ek it iepenbier ferfier rydt in oare rûte.