FC Emmen hiert Ljouwerter fuotballer Mark Diemers fan Feyenoord

De 28-jierrige Ljouwerter Mark Diemers spilet dit seizoen foar FC Emmen. De fuotballer wurdt foar ien seizoen hierd fan Feyenoord.
Diemers hat in ferline by ferskate klups lykas FC Utrecht, De Graafschap, Fortuna Sittard en ek SC Cambuur. Dêr spile hy tusken 2012 en 2013. Doe't er jong wie, spile hy by de jongerein fan LAC Frisia.
It ôfrûne seizoen waard Diemers yn de winter ferhierd oan Hannover 96, dat útkomt op it twadde nivo yn Dútslân. Hy hat oant no ta 266 wedstriden yn it Nederlânske betelle fuotbal spile, wêrfan 145 duels yn de earedivyzje.
FC Emmen jout oan dat Diemers de 'oanfallende fersterking' is dêr't de klup nei op syk is. Woansdei binne de klups oeriekaam oer de ferhier.