Winnerspartoer Moarre-Ljussens feestlik ûnthelle: "Dit is histoarje"

It winnende partoer fan Moarre-Ljussens © Omrop Fryslân
Mei hynder-en-wein binne de jonges fan it keatspartoer Moarre-Ljussens woansdeitejûn feestlik ûnthelle troch grutske doarpsgenoaten. Folkert Jelmer Visser, Douwe Dijkstra en Johan Sipma skreaunen skiednis mei it winnen fan de Freule yn Wommels.
Noch nea earder stie de outsider yn de finale fan de belangrykste keatswedstriid foar jonges ûnder de 18 jier. En dat makke de winst tsjin dy oare outsider, Raerd, noch mear bysûnder.
"Dit is unyk, dit is histoarje. Dit is yn dizze regio net gebrûklik", seit in tige blide foarsitter Jelle Jaap Stiemsma fan de pleatslike keatsferiening Warber Bliuwe.
"Yn 2018 wûn Eanjum it. Dat wie al ûnwerklik foar ús regio. Wy seinen: dit belibje we fuort net wer, dit is histoarje. En fjouwer jier letter steane we as Moarre-Ljussens sels, Warber Bliuwe, ek sa op 'e kaart mei trije toppers fan keatsers."
Keatsers Moarre-Ljussens huldige
It KNKB-keatsen is let op gong kaam by de feriening, seit Stiemsma. "We wienen altyd wat in 'ondergeschoven kindje'. Sa no en dan kamen we ris in kear om 'e hoeke mei in bûnspartij en dan wiene je wer yn byld. Mar no, dit binne de fruchten fan jierrenlang wol in soad traine, in protte dwaande, in protte ledepartijen en federaasjepartijen. En dan smyt it dit op, dat is natuerlik abnormaal."
De takomst fan de feriening liket der yntusken goed foar te stean. "We ha 70 ta 80 jeugdleden. We ha in feriening mei 150 leden ûngefear, wêrfan't de helte jeugd is. De oanwaaks is fantastysk."
Stiemsma tinkt dat it winnen fan de Freule in noch gruttere stimulâns is foar de jeugd. "It motivearret ek, je binne sichtber, der is oandacht en dat is fantastysk. Ik tink wol dat dat de jonge jeugd ynspirearret."
Mei hynder-en-wein troch it doarp © Omrop Fryslân, Ronnie Porte