Swimbad Mounewetter bestiet takom jier 50 jier en wol fan it gas ôf

Foarsitter Roel Bijlsma fan it Mounewetter © Omrop Fryslân
Oer oardel jier moat swimbad Mounewetter yn Wytmarsum fan it gas ôf wêze, as it oan it bestjoer fan it swimbad leit. It bûtenbad is noch altyd in sukses: dizze wike is de 35.000e besiker ferwolkomme.
It bad is ien fan de grutste iepenloftswimbaden yn Fryslân. Besikers komme dan ek út hiel Fryslân en fan dêrbûten.
Iepenloftswimbad Mounewetter folop yn beweging
Neffens foarsitter Roel Bijlsma hat it swimbad finansjeel altyd sûn west en dat komt troch it pionierjen. "Je moatte de technyk foar bliuwe en modern wêze. Krekt as no mei de duorsumens. As wy no net ynvestearje, dan moat it yntreejild omheech." Dat soarget foar minder besikers, tinkt Bijlsma, en dan is it in ôfrinnende saak.

Duorsumens

It Mounewetter wie altyd al dwaande mei de duorsumens. "Wy binne begûn mei 100.000 kúb gas. Dat hawwe wy werombrocht troch as ien fan de earsten in swimbadôfdekking te keapjen. Dêrmei waard it 50.000 kúb. Yntusken is it troch it alert en attint bliuwen fan meiwurkers 30.000 kúb gas it jier."
Hoewol't it al aardich minder wurden is, giet it noch om in soad. En dat is net goed foar it klimaat, wit Bijlsma.

Bestean bliuwe

Neffens Bijlsma, dy 't al fan 1977 ôf yn it bestjoer sit fan it bûtenbad, giet it der om dat minsken foar in reedlike priis swimme kinne. Noch altyd kostet in kaartsje 4,50 euro. It iennige dat in takomst yn 'e wei stean kin, is personielstekoart. Want nettsjinsteande advertinsjes is it dreech om personiel te krijen.
Bijlsma: "Dat kin wolris it grutste probleem wurde fan de takomst. As je net genôch minsken hawwe, dan kinne je gjin feiligens garandearje. Dus dan moatte je koarter iepen of sels hielendal ticht."
Mar der giet Bijlsma net fanút. "Want wa wol no net ien sa'n moai swimbad wurkje?"

Jubileum

It swimbad bestiet takom jier 50 jier. Tiid foar Bijlsma om op te hâlden. "Dat is fansels in moaie mylpeal. Ik haw twa jier lyn sein: as wy 50 jier besteane, dan hâld ik op. Dan wol ik graach it stôkje oan jimme oerjaan. Mar it sil wol sear dwaan."
Swimbad Mounewetter yn Wytmarsum © Omrop Fryslân
No earst noch mar genietsje fan de lêste oardel jier. "Dan stean ik hjir foar de doar en sjoch ik nei binnen. Ik sjoch minsken dy't wille hawwe yn it swimbad: dêr doch ik it foar. It is myn DNA wurden."