Oane Galama ljept bêste seizoenssprong, Westert hat measte Gouden Rige-punten

De fierljepwedstriid yn Drylts is wûn troch Oane Galama fan Hilaard, dy't nei 20.88 meter ljepte. De wedstriid wie de ôfsluting fan de 'Gouden Rige', wêryn't Hanneke Westert by de famkes mei 38 punten de measte binnenhelle.
Oane Galama ljepte by de senioare oertsjûgjend nei it earste plak mei 20.88 meter. Dat wie ek fuortendaalks syn fierste seizoenssprong. Nard Brandsma fan Warkum helle de tweintich meter krekt net, mar ljepte 19.97 meter byinoar en kaam sa op it twadde plak. Tredde waard Sytse Bokma fan Warkum mei 19.70 meter.
Oane Galama oer syn fierljepprestaasjes yn Drylts
Hanneke Westert ljepte nei it earste plak by de famkes: sy ljepte yn har lêste finalesprong 15.87 meter. De Snitser gie dêrmei Jeltske Terpstra fan Tsjom (14.40 meter) en Rianne Kampen fan It Heidenskip (13.42 meter) foarby.
Hanneke Westert oer har fierljepprestaasjes yn Drylts
Westert hat har eigen Nederlânsk klassemintsrekôr foar famkes ferbrutsen. Dat stie op 106.08 meter (optelsom fan de sân bêste wedstriden). Sy moast fierder springe as 14.82 meter, mar ljepte 15.02 yn de foarronde. It nije rekôr stiet dêrmei op 106.28 meter.
Junior oer de 20 meter
Bysûnder is dat der mar twa ljeppers fierder as tweintich meter kamen. Njonken Oane Galama wie dat Wisse Broekstra fan Tsjummearum, dy't 20.15 meter byinoar ljepte.
Hy waard dêrmei earste by de junioaren. Safier kamen Germ Terpstra fan Tsjom mei 18.67 meter en Riemer Durk Krol fan Heech mei 17.54 meter lang net.
Wisse Broekstra oer syn fierljepprestaasjes yn Drylts
Ek Wisse Broekstra koe in klassemintsrekôr op syn namme sette, by de Fryske junioaren. It âlde rekôr fan Sytse Bokma út 2015 stie op 135.20 meter. Broekstra moast yn de foarronde fierder ljeppe as 18.63 meter, mar sprong 19.86 meter.
De wedstriid yn Drylts wie de sechsde en lêste wedstriid yn de 'Gouden Rige' fan de Fryslân Cup. Dat binne seis bysûndere wedstriden yn Winsum, Bûtenpost, Gryptsjerk, Burgum, It Heidenskip en Drylts.
Mei elts Gouden Rige-duel koene ljeppers punten fertsjinje foar it einklassemint. De winner krige seis punten, de nûmer twa fjouwer, de nûmer trije trije, en de nûmers fjouwer en fiif krije twa en ien punt. De lêste ronde jilde dûbelde punten.
De winners fan de Gouden Rige 2022:
senioaren: Oane Galama (31 punten)
roulju: Tessa Kramer ( 29 punten)
junioaren: Germ Terpstra (28 punten)
jonges: Auke Jan Jilderda (32 punten)
famkes: Hanneke Westert (38 punten)
senioaren: Oane Galama (31 punten)
roulju: Tessa Kramer ( 29 punten)
junioaren: Germ Terpstra (28 punten)
jonges: Auke Jan Jilderda (32 punten)
famkes: Hanneke Westert (38 punten)
Tessa Kramer fan Amersfoort wie by de froulju de fierste ljepper mei 15.48 meter yn de foarronde. Femke Rispens fan Niehove (14.53 meter) en Sigrid Bokma (14.16 meter) folgen nei har.
By de jonges waard Erwin Lefferts fan Bûtenpost earste: nettsjinsteande dat er yn de finale twa kear yn it wetter bedarre, hie er yn de foarronde 16.20 meter ljept. Dêrmei wie hy fierder as Auke Jan Jilderda fan Burgum (16.06 meter) en Brent Monsma fan Tsjummearum (15.00 meter).