Kontener betiid by de dyk en smoke ferbean: Fryslân nimt hjittemaatregels

De jiskeweinen ride earder © ANP
De provinsje Fryslân set him skrep foar hege temperatueren. Ferskate organisaasjes nimme maatregels yn ferbân mei de hjitte dy't yn de kommende dagen allinne mar tanimt.
Sa wize de gemeenten Amelân en Skylge nochris op it smook- en stookferbod op de eilannen. Sy wolle gjin peuken op de grûn of kampfjurren op har gebiet. Dy ferbodden jilde noch oant en mei 14 septimber en 22 oktober.
It is yn dizze perioade ferbean om te smoken yn de kwetsbere natuergebieten mei bosk, op heide en dunen. Want by drûch waar nimt de kâns op in natuerbrân bot ta. As der sprake is fan sa'n natuerbrân, kin it fjoer him hiel fluch en ûnfoarsisber útwreidzje.

Konteners earder by de dyk

Offalbedriuw Omrin hat bekend makke dat sy har hjitteplan yn wurking stelle. Dat betsjut dat jiskemannen betider úteinsette op 11 en 12 augustus.
Minsken wurde frege om de kontener al fóar 06.30 oere oan de dyk te setten. Want fanwegen hjitte begjinne de sjauffeurs in oere earder.

Reade Krús: Nederlanners ûnderskatte risiko's

It Reade Krús wiist op it Nasjonaal Hjitteplan dat woansdei yn it hiele lân jildt. In grutste part fan de Nederlanners ûnderskat de risiko's fan de hege temperatueren, sa hat út ûndersyk bliken dien.
Sa'n 80 persint fan de Nederlanners makket him net in soad soargen en in soad minsken witte net goed wat sy dwaan moatte by klachten troch de hjitte.
It kin te waarm wurde © ANP
Waarmte kin soargje foar in hege lichemstemperatuer en hertslach, as uteringen fan hjitte-útputting of in hjitteberoerte. Op de webside fan it Reade Krús binne ferskate advizen foar de hjitte te finen.

Postdowen bliuwe binnen

De Fryske ôfdieling fan de Nederlandse Postduivenhouders Organisatie hat alle flechten mei postdowen skrast foar it wykein fan 13-14 augustus. Ofdieling Friesland '96 jout oan it spitich te finen, mar it wolwêzen fan de dowen heart op it earste plak te stean.
Foar de tropyske temperatueren is in hjitteprotokol makke, dêr't yn opnaam is dat it net mear ferantwurde is om mei jonge en âlde dowen te fleanen.