'Simmer yn Fryslân' Wat is it Freulegefoel yn Wommels?

'Simmer yn Fryslân' Wat is it Freule gefoel yn Wommels?
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we woansdei yn Wommels. Ferslachjouwer Lennie Bronsveld ûndersiket wat it gefoel fan de Freule is.
Oan de 120ste edysje fan de Freule dogge 35 partoeren mei. It is de belangrykste keatswedstriid foar jonges ûnder de 18 jier.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Tongersdei 11 augustus is Omrop Fryslân yn Drylts. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.