Moarre-Ljussens wint de Freule foar de earste kear ea

It winnende partoer © Dijks Media
It partoer fan Moarre-Ljussens mei Folkert Jelmer Visser, Douwe Dijkstra en Johan Sipma hat de 120ste edysje fan de Freule, de wichtichste keatspartij foar jonges, wûn. Yn de finale wie it partoer mei 3-5 4-6 te sterk foar Raerd mei Jens Kooistra, Jelmer Foppe Drijfhout en Sybrand Veldhuis.
Moarre-Ljussens stie noch nea earder yn de finale fan de Freule. It is dus de earste kear ea dat sy de Freule winne.

Raerd lit kâns op 4-2 lizze

It seach der lang net nei út dat Moarre-Ljussens de finale winne soe. Visser-en-dy pakten wol it earste buordsje, mar dêrnei rûn Raerd út nei 3-1. Op 3-2 6-6 liet Raerd in grutte kâns lizze om op 4-2 te kommen en dêrnei kantele de wedstriid.
Moarre-Ljussens krige hieltyd mear betrouwen en joech gjin earst mear út hannen. By 3-5 4-6 sloech Raerd de bal bûten. Dêrmei wie de wedstriid dien.
De lêste slach fan de finale
Yn eardere omlopen skeakele Moarre-Ljussens al Frjentsjer, Spannum, Seisbierrum-Pitersbierrum en Makkum út.
Johan Sipma is suver emosjoneel
"Dit is prachtich, hjir dogge je it foar", seit Johan Sipma fan it winnende partoer. "We keatse alle trije fantastysk, we sieten sa yn de flow", seit Sipma, wylst de triennen him yn de eagen stean.
Sipma hie it yn de wedstriid wol swier hân. "Ik fernaam de hamstring en de kûten yn de finale wol. It is allegear krekt goed gien, mar in pear kear skeat de kramp der wol yn."
Jens Kooistra is dochs ek wol grutsk
De ferliezers fan Raerd wienen fansels teloarsteld, al fielden sy ek wol grutskens. "We hawwe fantastysk keatst en we hawwe alle trije folgjend jier noch in kâns", seit Jens Kooistra.
Raerd waard foar it toernoai net ta de favoriten rekkene: "Wy wisten dat we eltsenien wol pakke koenen, mar de finale hienen we nea tocht te heljen, mar ast der dan stiest, dan wolst him ek winne fansels, mar it foel krekt harren kant op. Dat is spitich."