Frou en famke ferwûne by eksploazje op in boat by Balkster jachthaven

© Noordernieuws
By in eksploazje op in boat yn de jachthaven oan it Tsjamkedykje by Balk binne woansdeitemiddei in 57-jierrige frou en in 17-jierrich famke út Staphorst ferwûne rekke.
De helptsjinsten wiene manmachtich útriden, wêrûnder ek it Mobiel Medisch Team mei in traumahelikopter. Der binne ek ferskate brânwachten en in ambulânse op it plak kaam. Nei de ûntploffing ûntstie der brân op de boat. It slagge de brânwacht om it fjoer út te meitsjen.
De plysje docht tongersdei fierder ûndersyk nei de oarsaak fan de eksploazje.