Famke fan 7 slachtoffer fan sededelikt by De Heide op It Hearrenfean

Argyffoto fan De Heide © Frank Vink
By it rekreaasjegebiet De Heide op It Hearrenfean is ferline wike woansdei in 7-jierrich famke slachtoffer wurden fan in sededelikt. Nei alle gedachten is der in minderjierrige jonge by belutsen.
De plysje docht ûndersyk nei de saak en is op syk nei tsjûgen en kamerabylden. De fertochte is mooglik sa'n 15 jier âld, hat koart, donkerblond hier en hie dy dei in opfallende oranje swimbroek oan.
Minsken dy't 3 augustus foto's of filmkes makke hawwe, wurde frege dy bylden mei de plysje te dielen.