Ferskate boeren by Sint-Jabik slachtoffer fan GPS-stellerij út trekkers wei

Yn de omkriten fan Sint-Jabik binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei ferskate GPS-systemen út trekkers wei stellen.
© ANP
Neffens de plysje fan Noardwest-Fryslân giet it om dieverij by ferskate boerebedriuwen. Der is net bekend makke om hoefolle navigaasjesystemen it krekt giet.
De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe of dy't kamerabylden hawwe om kontakt op te nimmen.

Faker bard yn Noardwest

It is net de earste kear dat der GPS-systemen stellen binne yn it noardwesten fan de provinsje. Twa jier lyn barde by Seisbierrum ek al soks.
De plysje hat lanlik al hûnderten meldingen krigen fan dieverij út lânbouweinen. De stellerij kin flink yn de papieren rinne, want in systeem kostet al gau mear as 15.000 euro.