Fjirde winst foar Langwar, mar de striid gie tusken Ljouwert en De Lemmer

Skipper Harmen Brouwer fan Langwar © Omrop Fryslân
Harmen Brouwer sylde mei it skûtsje glorieus yn de Lemster Baai nei syn fjirde oerwinning. It wie syn tredde oerwinning op rige. De winst wie lykwols net it spannendste fan de dei, want dat wie de striid tusken Ljouwert en De Lemmer.
Fanwegen skiftsjende wyn waard de startproseduere om 14.00 oere in skoftke útsteld. As rûte wie in sânglês útset. Der wie gjin falske start doe't de skûtsjes úteinsette mochten, yn tsjinstelling ta guon eardere wedstriden.
Op it Lemster thúswetter sile joech Albert Visser yn it foar wol druk. Hy sei: "We moatte dizze goed trochkomme, dan skeelt dat wer. It skip rint goed en we binne skerp." Neffens Gjalt de Jong hie Albert Visser ek de bêste papieren en ek it psychologyske foardiel fan thúswetter.
In gearfetting fan de SKS-wedstriid op de Iselmar by De Lemmer
Earnewâld lei suver noch stil en ek Grou en De Lemmer hiene ek in minne start. Langwar die dêrfoaroer goede saken by de start en kaam ek as earste om de boppewynse tonne. Harmen Brouwer waard folge troch Ljouwert, Súdwesthoeke en It Hearrenfean.

Reade flaggen by Huzum en Grou

Al fluch nei de start wapperen by Huzum en Grou reade flachjes op it skip. Sy protestearren tsjin inoar: Grou kaam oer stjoerboard oan en moast troch de wyn en útwike, mar yn de eagen fan de Huzumers diene sy dat net rap genôch. Nei in healoere waard by Grou de flagge der wer út helle.
De ferliezer fan de twadde slach wie It Hearrenfean, dy't as tsiende om de tonne kaam. Súdwesthoeke sakke ek twa plakjes, dy't nei Wâldsein en De Lemmer giene. De earste twa skûtsjes om de twadde tonne bleaune Langwar en Ljouwert.

Grut gat mei de middenmoat

Klassemintslieder De Lemmer kaam nei Langwar en Ljouwert as tredde om de folgjende tonne. It skûtsje hie in aardich gat slein mei de gribus oan skûtsjes dy't har folgen. Dy ôfstân waard allinne mar grutter.
Langwar kaam as earste oer de finish © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De skûtsjes yn de middenmoat moasten hieltyd op inoar wachtsje, wêrtroch't it lang duorre foar't sy op gong komme koene. De wynskiftingen brieken har soer op: net oeral yn de Lemster baai wie likefolle wyn.
Langwar, Ljouwert en De Lemmer sylden just troch kein en frij wetter, sy hoegden har net yn te hâlden en koene de ideale bochten pakke. De foarsprong fan Langwar waard grutter en rûn op ta in heale kilometer, wylst Ljouwert en De Lemmer bekfochten om it twadde plak.
Drokte op Lemster strân © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Nei in goed oere silen wie Grou opsyld nei in sânde plak, mar der rûn noch hieltyd protest tsjin him. De Jouwer makke in goede slach en skode trije plakken nei foarren nei de fiifde posysje. De Súdwesthoeke wie goed dwaande yn it begjin, mar sylde stadichoan efterút. Ek Akkrum die it net goed.

Striid tusken De Lemmer en Ljouwert

Langwar lei riant foar, mar de striid om it twadde plak gie troch: De Lemmer en Ljouwert leine side oan side. By de boppeste tonne wie de striid beslikke: Ljouwert hie in aardige foarsprong te pakken, wylst De Lemmer bedriging krige fan Huzum.
Net lang dêrnei folge Grou, dy't earst ôfskreaun like nei in dramatysk earste krúsrek, mar goed omheech sylde. By de boppeste tonne waard de finish dellein, moai by it publyk dat earste rang om de baai fan De Lemmer hinne siet.
© Martin de Jong
De Lemmer makke it gat mei Ljouwert lytser: it keas de oanfal en sette druk. Mar ek Grou kloppe op de doar. Ljouwert liet De Lemmer wat omfarre en Grou makke dêr gebrûk fan en keas in oare koers.
Koprinner Langwar kaam mei in flinke wynpûst oer de finish. It duel om it twadde plak waard op de Ljouwerter dei (sa stiet de earste syldei op De Lemmer bekend) wûn troch Ljouwert, folge troch De Lemmer en Grou. Dêrnei folge Huzum, dy't yntusken de reade flagge fan it skip helle hie.

De útslach fan de wedstriid by De Lemmer

Skûtsje Punten
1. Langwar 0.9
2. Ljouwert 2
3. De Lemmer 3
4. Grou 4
5. Huzum 5
6. De Jouwer 6
7. d'Halve Maen 7
8. It Hearrenfean 8
9. Earnewâld 9
10. Akkrum 10
11. Súdwesthoeke 11
12. Wâldsein 12
13. Drachten 13
14. Snits 14
"Was 'ie weer", seit Harmen Brouwer flak nei de einstreek. It liket suver te wennen foar de skipper fan Langwar. "Ungelooflik, wa hie dat oait tocht. Ik net yn elts gefal. Dit is hiel bysûnder, hielendal top."

"Dit is unyk jong"

It winnen ferfeelt noch net, set de skipper. "Ik haw fan 'e moarn noch efkes mei Gerhard Pietersma praat. Hy sei: dit is unyk jong, doch dyn bêst en hâld de kop derby. Ge-wel-dich."
Nei de earste dei op De Lemmer steane de nûmers ien en twa noch op itselde plak yn it klassemint, mar It Hearrenfean en Langwar hawwe fan plak wiksele.

It klassemint nei de earste dei fan De Lemmer

Skûtsje Punten Oftrek
1. De Lemmer 24 8
2. Grou 30,7 13
3. Langwar 35,6 12
4. It Hearrenfean 41,9 10
5. Ljouwert 48 12
6. Earnewâld 50 14
7. Snits 53 14
8. Huzum 55 14
9. De Jouwer 58,9 14
10. Drachten 63 13
11. Akkrum 69 13
12. d'Halve Maen 72 14
13. Wâldsein 83 14
14. Súdwesthoeke 85 14