FK Fierljeppen en it Fierljep Kafee by Omrop Fryslân

© Martin de Jong
It Frysk Kampioenskip (FK) Fierljeppen is sneon 20 augustus yn Winsum. Omrop Fryslân is fansels by de belangrykste fierljepwedstriid fan it jier. Folgje it op radio, telefyzje en online fan 13.30 oere ôf.
"Foar de measte Fryske ljeppers is dit de wichtichste wedstriid fan it jier. Elkenien dreamt fan in Sulveren Pols of in Glêzen Ljepster. Op it FK begjint elk wer op nul, dus op papier kinst wol de bêste fan it seizoen wêze, mar moatst it op dy dei noch wol sjen litte. En dat spanningsfjild makket it FK no krekt sa moai. Dat jout it FK ek in ekstra diminsje" seit kommentator en projektlieder Freark Wijma.

Fierljep Kafee

Op freed 19 augustus, oan de foarjûn fan it FK, wurdt de tinte op it fjild yn Winsum omtsjoend ta it Fierljep Kafee. We sjogge werom op it FK fan 1986, mei de trije froulju dy't doe de prizen pakten: Etty Kramer-Spriensma, Jettie Bouma en Ada Valkema.
We ha in skerpe foarútblik mei âld-topljeppers Bart Helmholt, Hannes Scherjon en oaren. Fansels komme der nijsgjirrige anekdoates út it ferline, mar ek aktuele petearen oer feroarjende tradysjes oan bod.
Presintaasje is yn hannen fan Gerrit de Boer. Live muzyk komt fan Ivo Poelsma en syn band.
Fierljep Kafee op 19 augustus: op radio te hearren fan 18.00 oant 19.00 oere
FK Fierljeppen op 20 augustus: radio, telefyzje en online fan 13.30 oere ôf