Langwarder winst en de striid foar plak twa: dit wie de SKS by De Lemmer

In gearfetting fan de earste SKS-wedstriid by De Lemmer
Harmen Brouwer koe foar Langwar de fjirde deiwinst opskriuwe yn it SKS-kampioenskip. It skûtsje hie in flinke foarsprong en de striid gie dan ek mear om it twadde plak.
De foarsprong fan Langwar waard grutter en grutter, wylst Ljouwert en De Lemmer bekfoochten om it twadde plak.
De wedstriden fan it SKS-kampioenskip binne de kommende dagen streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Op ús webside, app en op YouTube.
De útstjoering set alle dagen om 13.45 oere útein mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot. Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.