Ek drûchte yn Fryslân; sitewaasje is noch net soarchlik

© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Mei dizze tropyske temperatueren is it ek drûch yn Fryslân. Neffens Wetterskip Fryslân is de sitewaasje noch net soarchlik.
"Fansels is it yn Fryslân ek tige drûch", seit Frank Jorna fan Wetterskip Fryslân. "Mar noch net sa drûch as op oare plakken yn Nederlân. Foarige wike wie it delslachtekoart 130 milimeter en no is dat oprûn oant 160 milimeter. We moatte dus wol sunichoan, mar it is noch net soarchlik."

Iselmar as buffer

"We ha in buffer en kinne gebrûk meitsje fan de Iselmar. Mar dat wetter wurdt troch de rivieren oanfierd en dêr is ek minder wetter. Dy buffer is de rêding en we ha wat mear rein hân as yn oare dielen fan Nederlân. Dat wetter fan twa wiken lyn ha we goed fêsthâlden. De kommende twa wiken kinne we it peil op hichte hâlde."
Mei ferskate partijen hat Wetterskip Fryslân in regionaal drûchte-oerlis hân. Lanlik is der ek oerlis oer de ferdieling fan it wetter yn de Iselmar mei oare wetterskippen.

Oprop: wês sunich mei wetter

Mooglik te nimmen maatregels soenen in bereiningsferbod wêze kinne. Jorna docht wol de oprop op om sunich te wêzen mei wetter.
Frank Jorna fan Wetterskip Fryslân