Van Wermeskerken as in 'oare en bettere spiler' werom by SC Cambuur

De ambysje om yn de earedivyzje te spyljen hat Sai van Wermeskerken werombrocht nei Ljouwert. De hichte- en djiptepunten dy't er de lêste trije jier yn Zwolle belibbe, hawwe him neffens eigen sizzen in bettere spiler makke. "Ik sil my sjen litte."
By SC Cambuur hawwe se der de ôfrûne moanne gjin geheim fan makke: se woene noch in ekstra rjochterferdigener helje om de konkurrinsje oan te gean mei Doke Schmidt. Dêrfoar binne se útkaam by in âlde bekende: Sai van Wermeskerken spile tusken 2017 en 2019 ek al yn it giel-blau.
Dêrnei makke er de oerstap nei PEC Zwolle, dat doe yn de earedivyzje spile. Dy klup degradearre it ôfrûne seizoen, wylst Cambuur no wol op it heechste nivo spilet. Dat wie ien fan de redenen dat Van Wermeskerken weromkomme woe.
"Ik woe op it heechste nivo spyljen bliuwe", fertelt de Japanske Nederlanner. Dat hat hy de ôfrûne trije seizoenen yn Zwolle foar in grut part wol dien. Yn syn earste jier kaam er yn trijekwart fan de duels binnen de linen.
Swiere blessuere
Yn it twadde seizoen spile er eins alles. Oant it needlot tasloech. "It barde by in training. Ik fielde myn knibbel, mar ik hie net tocht dat it in krúsbânblessuere wie. It is my noch noait bard yn myn karriêre dat ik sa lang net spylje koe. It wie in drege tiid", seit Van Wermeskerken.
Doe't er yn jannewaris fan dit jier werom kaam, siet PEC yn de degradaasjesône. Trainer Dick Schreuder die mar kwalik in berop op Van Wermeskerken. "It wie in dreech seizoen foar PEC. Mar it team is it meast wichtich, dus ik akseptearre it en ha alles jûn."
Sai van Wermeskerken leit út wêrom't er werom nei Cambuur woe
No is de 28-jierrige ferdigener werom op it âlde nêst. Hy hat in kontrakt foar in jier tekene. Ynterviews jout er noch altyd yn it Ingelsk, om't er him net fertroud genôch fielt mei it Nederlânsk. Van Wermeskerken waard berne yn Nederlân, mar groeide op yn Japan.
Njoggen jier lyn kaam er nei Nederlân en fia FC Dordrecht belâne er by Cambuur. Yn syn earste periode yn Ljouwert wie Van Wermeskerken al in oanfallende back. "Dat is net ferdwûn, ik ha noch altyd deselde styl", seit hy lakend.
Dochs sille de fans net mear deselde Van Wermeskerken weromsjen. "Ik tink dat ik no in oare en bettere spiler bin. Ik ha mear earedivyzjewedstriden spile. Ik sil mysels sjen litte en dan sjochst it wol."
Ik bin bliid dat ik weromkom om hjir wer te spyljen.
De wedstriid fan ôfrûne wykein tsjin Excelsior seach Van Wermeskerken yn it stadion. "Dat wie in nuvere wedstriid. Cambuur spile echt goed. Spitigernôch koene se net skoare. It wie goed om te sjen hoe't se spilen en ik bin bliid dat ik weromkom om hjir wer te spyljen."
Neffens de nije Cambuur-oanwinst folge de klup him al langer en dat befêstiget technysk manager Foeke Booy. "Ik had al langere tijd contact met zijn zaakwaarnemer. We wilden een ander type speler, dat snapt hoe wij spelen. En een speler waarbij de aanpassingstijd zo kort mogelijk is. Hij is de speler met eredivisie-ervaring die we zochten."
Van Wermeskerken hie noch in trochrinnend kontrakt yn Zwolle, mar de Ljouwerters hoege neffens Booy net ekstreem djip yn de beurs te tasten. "Dat is heel minimaal, bijna om niets."

De seleksje fan SC Cambuur is no foar in grut part rûn, nei de komst fan Van Wermeskerken. It iennige wat der noch ûntbrekt, is in linkeroanfaller. "Daar ligt onze focus nu ook", sei Booy. "De andere posities zijn allemaal ingevuld."
We zijn nog steeds met zowel de club als de speler in gesprek. Dat geven we nog niet op.
De technysk manager hat der de lêste wiken gjin geheim fan makke dat de klup graach Osame Sahraoui fan it Noarske Vålerenga hawwe wol. Dizze wike dûkten yn Noarske media lykwols berjochten op dat it gat tusken de fraachpriis en wat Cambuur biede wol, grut is.
Dochs hat Cambuur de hoop op de 21-jierrige Noarske linksbûten noch net opjûn. Booy: "We zijn nog steeds met zowel de club als de speler in gesprek."
Neffens Booy is it ferskil tusken fraach en oanbod noch wol deeglik te oerbrêgjen, al hat de klup syn grinzen. "Er komt natuurlijk een moment dat ook wij zeggen: tot hier en niet verder. Maar dat punt is nog niet bereikt."
Mocht it mei Sahraoui dochs net slagje, hat Cambuur noch mear izers yn it fjoer. Lykas dat it mei Van Wermeskerken kaam, doe't de komst fan Shurandy Sambo fan PSV net trochgie. "Er wordt ook verder gekeken. Je moet niet op één paard wedden", beslút Booy.