40 jier lyn wie de earste IFKS-wedstriid: "De earste jierren wie it in gaos, mar geweldich"

Allard Syperda en Age Veldboom oer 40 jier IFKS
Hjoed presys fjirtich jier lyn wie de earste wedstriid yn de IFKS. Op 10 augustus 1982 dienen 16 skippen mei. De earste winner wie de Nederlanner Nico Hoek. Hy waard mei de Lutgerdina Smeltekop de earste kampioen.
"De earste jierren fûn ik geweldich. It wie in gaos", fertelt Allard Syperda oer de begjintiid fan de IFKS. "Guon wisten amper hoe't it moast, mar it wie fantastysk."
"Dat is ek it kenmerk fan de IFKS", follet Age Veldboom oan. "It binne allegear 'vrijgevochten' jonge ûndernimmers dy't har kâns seagen om sels mei in skûtsje it Fryske wetter op te gean."

Makkum

De earste wedstriid wie yn Makkum. It ferskaat oan skippen wie grut. "We sylden noch mei in ding fan neat", sei Syperda. "It wie wol de driuwfear om it jier dêrop mei in oar skip te kommen, dat we ferspikere ha en oan laske en al."
Allard Syperda © Omrop Fryslân
De SKS bestie al jierren, mar dêr wie gjin plak foar nije dielnimmers. Skipseigeners kloppen om 'e nocht oan by de SKS. Dat wie reden foar Gerrit Roosjen om in nije organisaasje op te starten.
Veldboom heucht him dat der wat skeel mei de SKS wie. "Dat wie wol spitich. De wriuwing waard soms ek wol opsocht. Foar my hoegde dat net: de twa klups kinne neist elkoar bestean en se folje elkoar oan. In soad SKS-skippers ha har begjin by de IFKS hân, as wie it in soarte fan staazje."

Traine mei de SKS

Syperda koe goed mei de Van der Meulens út Wâldsein. "Se sieten yn de SKS en wy yn de IFKS en we trainden alle tongersdeitejûnen mei elkoar op de Hegemer Mar." Se learden fan elkoar. "We hienen ek ris in man yn in fiskersboat as heechste boei brûkt. Nei trije kear wie er sa beroerd dat we om him hinne gongen, dat er de angel binnenhelle en sei: ik kom hjir noait wer."
Ik kin my wol yntinke dat guon tochten wat dy jongelju moasten. 'Se kinne net iens sile en stappe al op in skûtsje.'
Age Veldboom
De IFKS begûn earder mei 'dacron'-tugen. "De SKS sylde noch mei tradisjoneel katoenen túch. Pas yn 1999 is de SKS ek oergien", seit Veldboom. "Ik kin my wol yntinke dat guon tochten wat dy jongelju moasten. 'Se kinne net iens sile en stappe al op in skûtsje.' Dat wie soms ek wol sa, mar geandewei learden we."
Age Veldboom © Omrop Fryslân
De earste wedstriid yn 1982 waard wûn troch Nico Hoek, in Hollanner. "Hy hie in lyts skûtsje mei syn broer André", wit Syperda. "Dy hienen dat skipke hiel goed foar elkoar."
"Hy wie in goeie siler en in fertsjinne winner", follet Veldboom oan. "Dêr moasten de Friezen mar wat fan leare. Letter hat ien fan de bruorren noch adviseur west by Siete Meeter yn de SKS. En dy waard dat jier kampioen. Dus dy Hollanner koe bêst wol sile."
Age Veldboom en Allard Syperda oer de IFKS