Fiif jonge liuwen fan opfang yn Nijeberkeap nei reservaat yn Súd-Afrika

Liuwen © @FOUR PAWS
Fiif jonge liuwen dy't by opfang Felida yn Nijeberkeap sieten, binne oerbrocht nei Súd-Afrika. De bisten binne ferline jier rêden út Roemenië dêr't se yn in achtertún fan in priveepersoan sieten.
Dêr binne se weihelle. It giet om fiif bisten út ien famylje. De trijejierrige liuwen binne no yn reservaat Lionsrock, dat fan de stichting Viervoeters is. Dêr krije se in gebiet fan 2,5 bunder om op te groeien.
Twa oare liuwen dy't ek út Roemenië helle binne, ha noch mear soarch nedich en bliuwe langer by Felida. Yn Roemenië waard mei de bisten fokt foar de hannel en in jonge liuw waard brûkt foar entertainment yn in fideoclip.