Nasjonaal hjitteplan is fan krêft: tink om kwetsbere groepen

© Omrop Fryslân
Troch de ferwachte hege temperatueren giet it nasjonale hjitteplan hjoed wer yn. Dat beslút is naam troch it RIVM, yn oerlis mei it KNMI. Nei alle gedachten bliuwt it fan krêft oant nei it wykein.
"Het instellen van het hitteplan is bedoeld als geheugensteuntje", seit Bich Phuong Nguyen fan de GGD Fryslân. "Om extra alert te zijn op de risico's van hitte." De risiko's binne útdrûgje, te hyt wurde en útput wêze. It is benammen bedoeld as warskôging foar kwetsbere groepen, sa as âldere minsken en lytse bern.

Beroerte

"En de zon schijnt ook feller en langer, waardoor de huid sneller kan verbranden. Het kan zelfs zo extreem worden dat mensen een hitteberoerte krijgen. Dat begint vaak bij wat suffer worden en iemand kan verward gedrag vertonen." It kin foarkomme as ien te lang yn de sinne is, bygelyks by it sporten, en te min drinkt. By in beroerte moat 112 belle wurde.
Minsken dy't bûten wurkje moatte, wurde oanret om te sjen oft se earder op de dei of letter op de middei wurkje kinne.

Tink om kwetsbere groepen

De GGD ropt op om nei âlderen, benammen 75-plussers, te sjen. "Misschien kun je helpen om de parasol op te zetten of de zonnewering uit te draaien of een glaasje water met ze te drinken." Aldere minsken kinne de waarmte net goed kwyt en ha minder oanstriid om wat te drinken.
Ta beslút is it goed om te sjen oft medikaasje brûkt wurde kin mei hege temperatueren, mooglik binne der ekstra risiko's. "En alcohol en drugs zorgen er ook voor dat je lichaam anders omgaat met warmte."