De toan fan Froukje Sijtsma: "Loftfytserij op Schiphol"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Yn it foar ha ik al stress. Foar it earst allinnich mei myn dochter op famyljebesite yn it bûtenlân. En ik wol de maresjesee al oertsjûgje kinne dat ik gjin bern oan it ûntfieren bin.
Ik regelje dêrom dat har heit in tastimmingsformulier ûndertekenet, mei in kopy fan syn paspoart derby. Al dat papierwurk is net ferplichte, mar it soe wol helpe kinne om flotter troch de securitycheck op Schiphol te kommen. Ast dêr tsjintwurdich trouwens überhaupt trochhinne komst.
De toan fan Froukje Sijtsma
Wy reizgje op in pykdei docht bliken. De boufak is krekt begûn, en Schiphol hat -nettsjinsteande alle drama's- besletten dat se fan dy dei ôf wer ekstra flechten gean litte.
Wy nimme dêrom allinnich hânbagaazje mei en gean moai op 'e tiid fuort. It hat gjin doel om earder as fjouwer oeren te kommen, stelt Schiphol, want der sil strang kontrolearre wurde.
De utopy fan in loftfytser, sa docht bliken, want wylst wy by de roltreppen tsjekt wurde op ús fleantiid, geane minsken by de treppen en de lift gewoan nei boppen. De rige foar de feilichheidskontrôle is enoarm, mar wy kinne net sjen hokker parkoers wy noch ôflizze moatte.
Mei noch fjouwer oeren op de klok sjoch ik it wol sitten. Wy kletse ûnderwylst in bytsje mei in pear mei puberdochter achter ús yn de rige.
Nei in oere mei lytse stapkes foarút komt der mei in soad bombaarje in Italiaansk fuotbalteam oansetten. Se sille de rige efkes foarby, want se hawwe haast. Der is mar ien befeiliger, dy't de opsketten jongkeardels mei muoite te wurd stiet.
De sfear yn de rige wurdt grimmitich, mar in pear fleurige studinten witte dat mei muzyk fan ABBA te feroarjen. 'Mamma Mia' knalt út de speakers. Minsken begjinne te laitsjen en te dûnsjen. Ek de fuotballers sels dogge mei en it grutste part fan it team bliuwt dêrnei kreas yn de rige stean.
Geregeld pikke minsken sûnder sjêne foar. Ek in mem mei in lytse pjut. De puberdochter achter my fynt it ferfelend as har heit se besiket tsjin te hâlden. "Pap, bemoei je er niet mee."
Trije froulju yn outdoortenu hâlde de mem tsjin. "We're also waiting and problably also gonna miss our flight, so you gonna stay behind us."
De frou is poer, mar lit har it leksum lêze. De klok tikket fierder en de stress nimt ta. De sjerpwafels dy't útdield wurde, kinne om my stellen wurde. Kinne dizze minsken net helpe koffers te tsjekken?
Nei 3,5 oeren wachtsjen, moat myn dochter hiel nedich nei it húske. De securitycheck is einlings yn sicht en wy hawwe net in soad tiid mear foar't ús gate slút. Mar se hâldt it net mear en begjint te skriemen.
Der binne allinnich húskes nei de securitycheck, of fier werom yn de rige foar de ticketkontrôle. Ik hannelje út need en freegje oft ús buorlju op ús koffers lette wolle. Wy drave nei ûnderen en meitsje in flotte ôfspraak mei in befeiliger.
Nei de sanitêre stop komme wy der dreech trochhinne. Ik pak myn dochter by de hân en wy drave troch it poartsje fan de ticketkontrôle foar minsken yn rolstuollen. Gjinien hâldt ús tsjin of kontrolearret ús oft wy wol in ticket hawwe. Wy drave de treppen op, troch de rigen hinne en fine de minsken mei ús koffers werom.
Ik krij in appke dat de gate fan ús fleantúch slút, mar wy sette troch. It puberfamke achter ús yn de rige sit troch de tiidsdruk sa heech yn de stress dat se elts ôfbekt, dy't no noch foarpikke wol.
Nei de securitycheck drave wy nei de gate, en lit it personiel ús -mei in harsens sa read as in tomaat- noch ta. Wat in stress en dat wylst ús paspoarten en al dat oare papierwurk gjinien kear út de tas kaam binne."