Liveblog | 10 augustus

Moarre-Ljussens ferslacht Raerd yn Freule-finale | 3.500 man publyk yn Wommels

Oan de 120ste edysje fan de Freule dogge 35 partoeren mei. It is de belangrykste keatswedstriid foar jonges ûnder de 18 jier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 10 augustus, 22:36
woansdei 10 augustus
20:24

In grutsk Ljussens, de ein fan de liveblog

Yn Ljussens wurde de winners yn 't sintsje set: sy geane mei hynder en wein troch it doarp.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
19:21

Sjoch hjir nei in gearfetting fan de 120ste Freule

In gearfetting fan de 120ste Freule yn Wommels
18:39

Sjoch hjir nei de earste reaksjes

It partoer fan Moarre-Ljussens mei Folkert Jelmer Visser, Douwe Dijkstra en Johan Sipma hat de 120ste edysje fan de Freule, de wichtichste keatspartij foar jonges, wûn. Yn de finale wie it partoer mei 3-5 4-6 te sterk foar Raerd mei Jens Kooistra, Jelmer Foppe Drijfhout en Sybrand Veldhuis.
18:37

De winners huldige

Freule-foarsitter Tjeerd Dijkstra neamt it in fantastyske dei en is tefreden oer it ferrin. "In bettere dei kinne je net winskje", jout Dijkstra oan. Der kamen yn totaal sa'n 3.500 besikers nei Wommels ta.
17:53

It is klear, Moarre-Ljussens wint!

17:42

Moarre-Ljussens op 3-5

Is dit in krúsjale slach? Raerd slacht de bal bûten by 3-4 6-6 en dus is it 3-5 foar Moarre-Ljussens.
© Dijks Media
17:34

It is wer yn lykwicht

Moarre-Ljussens hat de efterstân goedmakke. It partoer pakt twa earsten op rige: it is 3-3.
17:20

Raerd op 3-1

It earste gatsje is in feit: Raerd komt op 3-1. Kin Moarre-Ljussens dit noch goedmeitsje?
© Dijks Media
17:00

Moarre-Ljussens en Raerd hawwe beide in buordsje

Folkert Jelmer Visser, Douwe Dijkstra en Johan Sipma pakten foar Moarre-Ljussens it earste earst. Raerd wie lykwols net fan slach: it is no 1-1.
16:55

We kinne los

16:19

Moarre-Ljussens wint fan Frjentsjer

Ek de partij yn de heale finale is dien. Moarre-Ljussens wint mei 5-5 6-4 fan Frjentsjer. Noch nea earder stie Moarre-Ljussens yn de finale fan de Freule.
Teloarstelling by Frjentsjer © Dijks Media
16:14

Utslaggen fjirde omloop

De fjirde omloop op in rychje

Utslach
31. Frjentsjer 1. Arum 5-3 6-4
10. Dronryp 21. Raerd 5-5 2-6
24. Moarre-Ljussens
16:10

Raerd nei de finale

Dronryp kaam noch werom oant 5-5, mar Raerd makket it dan dochs ôf (5-5 2-6). Foar it earst sûnt 1940 is Raerd finalist! Favoryt Dronryp leit derút.
© Dijks Media
15:55

Raerd derop en deroerhinne

Raerd makket in 4-1 efterstân goed. It is no 4-5 foar Raerd. Jorrit Nanninga fan Dronryp hat te folle lêst en kin net mear opslaan. It sjocht der hiel min út foar Dronryp.
15:50

Lykwicht by beide partijen

By Dronryp - Raerd is it no 4-4 en by Moarre-Ljussens - Frjentsjer is it 3-3. It kin noch alle kanten op.
15:34

Wa wurde de finalisten by de 120ste edysje fan de Freule?

Dronryp en Raerd keatse wer. Dronryp stiet mei 4-3 foar. De Rypsters lykje op wei nei de finale, mar Raerd bliuwt fjochtsjen. Yn 2020 stie Dronryp foar it lêst yn de finale. Raerd wie yn 1940 foar it lêst finalist.
Frjentsjer liedt mei 2-3 tsjin Moarre-Ljussens. De Frjentsjerters stienen yn 1989 foar it lêst yn de finale. Moarre-Ljussens stie noch nea yn de einstriid.
15:26

Heale finale ek los

Ek Moarre-Ljussens en Frjentsjer stride om in plakje yn de finale. It earste buordsje is foar Moarre-Ljussens: 1-0.
15:23

Wer in blessuere

It spul leit wer efkes stil. Neffens keatsferslachjouwer Geert van Tuinen liket it derop dat Sybrand Veldhuis in hamstringblessuere hat.
15:10

Nanninga pakt it wer op

In protte lêst liket Nanninga net te hawwen. Hy hat in oar pear skuon krigen en it giet no fantastysk. De opslaggen fan Nanninga binne sa goed dat de efterstân yntusken omset is yn in foarsprong: 2-1 foar Dronryp.
© Dijks Media
14:58

Maleur foar Jorrit Nanninga

De wedstriid tusken Dronryp en Raerd yn de fjirde omloop is yntusken ek úteinset. Raerd hat dêr it earste buordsje pakt, mar de problemen fan Dronryp binne mooglik noch grutter. Jorrit Nanninga waard nammentlik behannele fanwegen in blessuere. Hy keatst no wer fierder, mar is hy noch fit genôch?
14:48

It is klear: Frjentsjer nei de heale finale

Nei fjouwer omlopen sit it Freule-aventoer fan Arum derop. By 5-3 6-4 makke Jelmer Uijthof it ôf mei in boppeslach. Frjentsjer spilet yn de heale finale tsjin Moarre-Ljussens.
14:46

Frjentsjer mei 5-3 foar

14:15

Dizze partoeren binne noch yn de race

Yn de fjirde omloop steane Frjentsjer en Arum en Dronryp en Raerd tsjinoer elkoar. Moarre-Ljussens is al wis fan de heale finale. De winner fan Dronryp-Raerd is de earste finalist fan de Freule 2022, dy hat nammentlik in steand nûmer yn de heale finale.

It programma fan de fjirde omloop

Utslach
31. Frjentsjer 1. Arum
10. Dronryp 21. Raerd
24. Moarre-Ljussens
14:08

Moarre-Ljussens nei de heale finale

Feest by it partoer fan Moarre-Ljussens. Folkert Jelmer Visser, Douwe Dijkstra en Johan Sipma hawwe Spannum mei Fedde Hansma, Niels de Boer en Stijn Vincken mei 5-2 6-0 ferslein. Yn de fjirde omloop hawwe sy in steand nûmer en dus hat Moarre-Ljussens him pleatst foar de heale finale.
Ek de lêste partij yn de tredde omloop is klear. Dronryp wie mei 5-4 6-4 te sterk foar Bitgum.

De útslaggen fan de tredde omloop

Utslach
1. Arum 5. Grou 5-3 6-2
10. Dronryp 13. Bitgum 5-4 6-4
17. Nijewier/Mitselwier/Easternijtsjerk 21. Raerd 3-5 0-6
24. Moarre-Ljussens 27. Spannum 5-2 6-0
31. Frjentsjer
13:41

Raerd profitearret fan flaters Nijewier/Mitselwier/Easternijtsjerk

It partoer fan Raerd giet oant no ta sûnder in protte problemen troch it toernoai. Yn de tredde omloop krigen se help fan de ritigens fan Nijewier/Mitselwier/Easternijtsjerk. Pieter Siebe Cuperus, Jelmer Torensma en Jan Bandstra makken gewoan te folle flaters.
De einstân wie dêrom 3-5 0-6 foar Raerd.
Nijewier/Mitselwier/Easternijtsjerk nei hûs © Dijks Media
13:35

De Freule fan boppen ôf

It fjild yn Wommels út de loft wei © Tjebbe Witteveen, Omroep Zilt
13:31

Frjentsjer tsjin Arum yn de fjirde omloop

Arum hat syn partij yn de tredde omloop mei 5-3 6-2 wûn fan Grou. Arum spilet yn de fjirde omloop tsjin Frjentsjer. Dat partoer hie in steand nûmer op de tredde list.
12:48

Sa sjocht de tredde omloop derút

De tredde omloop

Utslach
1. Arum 5. Grou 5-3 6-2
10. Dronryp 13. Bitgum
17. Nijewier/Mitselwier/Easternijtsjerk 21. Raerd
24. Moarre-Ljussens 27. Spannum
31. Frjentsjer
12:38

Alle útslaggen fan de twadde omloop

De tredde list is kompleet. Moarre-Ljussens hat him dêr nammentlik ek foar pleatst. Folkert Jelmer Visser, Douwe Dijkstra en Johan Sipma wûnen mei 5-5 6-0 fan Seisbierrum-Pitersbierrum.
By Spannum - Aldebiltsyl wie it alles oan 'e hang. Spannum luts de oerwinning úteinlik nei him ta.

De útslaggen fan de twadde omloop

Utslach
35. Reahûs-Turns 1. Arum 2-5 4-6
3. Achlum 5. Grou 4-5 2-6
7. Winsum 10. Dronryp 4-5 0-6
11. Eksmoarre 13. Bitgum 5-5 4-6
16. Wommels 17. Nijewier/Mitselwier/Easternijtsjerk 1-5 0-6
19. Marum 21. Raerd 1-5 4-6
24. Moarre-Ljussens 26. Seisbierrum-Pitersbierrum 5-5 6-0
27. Spannum 30. Aldebiltsyl 5-5 6-6
31. Frjentsjer 34. Ljouwert 5-5 6-2
12:31

Frjentsjer draait it om en wint fan Ljouwert

It partoer fan Frjentsjer mei Elmer Feenstra, Jan-Tymen Eisma en Jelmer Uijthof hat Ljouwert útskeakele. De Frjentsjerters kamen mei 5-2 efter, mar wûnen de partij dochs noch mei 5-5 6-2.
De Ljouwerter favoriten Harmen Zuidema, Otte Algra en Rein Breuker kinne dus nei hûs. Yn de earste omloop hie Frjentsjer ek al it sterke Sint-Anne útskeakele.
12:27

Frjentsjer en Ljouwert hâlde it spannend

12:18

Bitgum troch nei spektakelstik

Eksmoarre makke it Bitgum behoarlik dreech. Johan Tolsma, Jarno Feenstra en Marten Leijenaar kamen sels op 5-5 4-0, mar Thom Dijkstra, Sjouke Beimers en Leon Wijning fan Bitgum draaiden it dochs noch om: 5-5 4-6.
Yn de tredde omloop keatse de Bitgumers tsjin Dronryp, dat belooft in echte kreaker te wurden.
12:03

Kânshawwers tsjin elkoar

12:00

Raerd wint ienfâldich

Raerd hat oant no ta in maklike dei. Yn de earste omloop skeakelen se Balk al ienfâldich út (5-0 6-2) en no hienen Jens Kooistra, Jelmer Foppe Drijfhout en Sybrand Veldhuis gjin problemen mei Marsum (1-5 4-6).
Raerd sûnder problemen troch © Dijks Media
11:52

Earste partij yn de tredde omloop bekend

It partoer fan Grou mei Tjerk Kamsma, Sido Harkema en Jan Yntema sjogge we werom op de tredde list. De Grousters wienen mei 4-5 2-6 te sterk foar Achlum mei Rudmer Faber, Melle Talsma en Hylke Talsma.
Grou treft yn de tredde omloop it partoer fan Arum, dat Reahûs-Turns útskeakele
11:43

Dronryp wer in omloop fierder

Dronryp hat him pleatst foar de tredde omloop, mar maklik gie it net. Jesse Greidanus, Stefan Greidanus en Tjitte Reitsma fan Winsum joegen de favoriten in protte tsjingas, mar Dronryp wûn wol: 4-5 0-6.
11:38

Thúsdoarp Wommels is klear

Milan van der Weg, Redmer Wiersma en Sietse Jellema fan Wommels lizze derút. Sy ferlearen mei 1-5 0-6 fan Nijewier/Mitselwier/Easternijtsjerk.
Gjin thúsoerwinning foar Wommels dus dit jier.
11:35

Publyk fermakket him yn de sinne mei de keatserij

De twadde omloop is los © Omrop Fryslân, Aise van Beets
11:10

Sa sjocht de twadde omloop derút

De twadde omloop is los en de earste útslach is der ek al: Jildert Wijbenga, Pieter den Breejen en Rinnert Tolsma fan Arum winne mei 2-5 4-6 fan Reahûs-Turns, dat yn de earste omloop in steand nûmer hie.

It programma fan de twadde omloop

Utslach
35. Reahûs-Turns 1. Arum 2-5 4-6
3. Achlum 5. Grou
7. Winsum 10. Dronryp
11. Eksmoarre 13. Bitgum
16. Wommels 17. Nijewier/Mitselwier/Easternijtsjerk
19. Marum 21. Raerd
24. Moarre-Ljussens 26. Seisbierrum-Pitersbierrum
27. Spannum 30. Aldebiltsyl
31. Frjentsjer 34. Ljouwert
11:10

Alle útslaggen fan de earste omloop op in rychje

De earste omloop

Utslach
1. Arum 2. Folsgeare 5-2 6-0
3. Achlum 4. Jobbegea 5-2 6-6
5. Grou 6. Boalsert 5-2 6-0
7. Winsum 8. Wytmarsum 5-2 6-6
9. Driezum 10. Dronryp 2-5 0-6
11. Eksmoarre 12. Reduzum 5-1 6-2
13. Bitgum 14. Lollum-Waaksens 5-0 6-0
15. Stiens 16. Wommels 2-5 4-6
17. Nijewier 18. It Hearrenfean 5-1 6-6
19. Marsum 20. Snits 5-5 6-6
21. Raerd 22. Balk 5-0 6-2
23. Makkum 24. Moarre-Ljussens 3-5 0-6
25. Harns 26. Seisbierrum 3-5 2-6
27. Spannum 28. Wiuwert-Britswert 5-4 6-2
29. Goaiïngea 30. Aldebiltsyl 4-5 0-6
31. Frjentsjer 32. Sint-Anne 5-4 6-4
33. De Hommerts-Jutryp 34. Ljouwert 1-5 4-6
35. Reahûs-Turns
10:54

Earste kânshawwers derút

Dêr fleane de earste kânshawwers derôf. Sint-Anne mei Iwan Hiddinga, Jelvin Kaper en Rink Sterk ferliest fan Frjentsjer mei Elmer Feenstra, Jan-Tymen Eisma en Jelmer Uijthof: 5-4 6-4.
Ek foar De Hommerts-Jutryp sit it derop. It partoer fan Ljouwert mei Harmen Zuidema, Otte Algra en Rein Breuker is mei 1-5 4-6 fierstente sterk foar Matthys Renema, Folkert Wesselius en Ramon Raap.
10:45

Moarre-Ljussens nei de twadde list

Folkert Jelmer Visser, Douwe Dijkstra en Johan Sipma fan Moarre-Ljussens binne ek troch. Sy winne mei 3-5 0-6 fan it partoer fan Makkum mei Clive van der Weerdt, Leon Smink en Luuk Zwaagstra.
Ek Spannum is troch mei Fedde Hansma, Niels de Boer en Stijn Vincken. Sy winne mei 5-4 6-2 fan Wiuwert-Britswert (Kiano Terpstra, Daan Terpstra en Wyger de Jong).
10:37

Debutant Jobbegea-Hoarnstersweach grutsk

10:30

Raerd - Balk: 5-0 6-2

Cees Dedmer Kramer, Ruben Hendriks en Sverre Stobbe fan Balk kinne nei hûs. Se ferlieze mei 5-0 6-2 fan Jens Kooistra, Jelmer Foppe Drijfhout en Sybrand Veldhuis fan Raerd.
10:25

Sint-Anne yn de problemen

10:06

Dronryp makket gjin flater

Favoryt Dronryp mei Jorrit Nanninga, Bjorn Idsardi en Brent Timmerman hawwe gjin flater makke tsjin de bruorren Peter, Gerard en Jacob Boersma fan Driezum: 2-5 0-6.
Oare útslaggen op de earste list:

De útslaggen oant no ta

Utslach
1. Arum 2. Folsgeare 5-0 6-0
3. Achlum 4. Jobbegea 5-2 6-6
5. Grou 6. Boalsert 5-2 6-0
7. Winsum 8. Wytmarsum 5-2 6-6
9. Driezum 10. Dronryp 2-5 0-6
11. Eksmoarre 12. Reduzum 5-1 6-2
13. Bitgum 14. Lollum-Waaksens 5-0 6-0
15. Stiens 16. Wommels 2-5 4-6
17. Nijewier 18. It Hearrenfean 5-1 6-6
09:42

De earste útslaggen binne bekend

It Freule-aventoer is alwer foarby foar de partoeren fan Reduzum en Lollum-Waaksens. Symen Miedema, Jitze Miedema en Simon Sjouke Zijlstra fan Reduzum gienen der mei 5-1 6-2 ôf tsjin Johan Tolsma, Jarno Feenstra en Marten Leijenaar fan Eksmoarre.
It partoer fan Bitgum mei Thom Dijkstra, Sjouke Beimers en Leon Wijning hie gjin problemen mei Marten Algra, Liuwe-Meint Postma en Johannes Bouma fan Lollum-Waaksens: 5-0 6-0.
08:55

De Freule yn Wommels

By it byld fan de freule klinkt moarns steefêst de Freule-tune, spile troch trompetblazer Jan Hazenberg. Hy docht dit al 17 jier. "It is yn de jierren santich makke mei in revu en doe binne ek opnamen makke mei in bernekoar opnaam."
Hy fynt it moai om te dwaan. "It is in earebaantsje. Ik gean der al om 6 oere ôf en doch dan myn warming-up, krekt as in topsporter." Om't it korps net folslein is, sil Hazenberg by de finale ek wer oantrede om dan it Fryks folksliet te spyljen.
08:39

"It Freulegefoel is der al"

Sportferslachjouwer Geert van Tuinen sit ek al klear op de tribune by it haadfjild dêr't trije perken lizze. De oaren binne op it fuotbalfjild. "De earste partoeren binne al oan it ynslaan. It Freulegefoel is der al. "
Geert van Tuinen
08:33

'Blokjerinners'

Moarns betiid binne de lêste tariedingen foar de grutte wedstriid yn Wommels. In belangrike rol is weilein foar de 'blokjerinners' of oanmerkers. Se lizze reade en wite blokjes by de keats. Ferslachjouwer Lennie Bronsveld prate mei in pear blokjerinners.
Lennie Bronsveld praat mei blokjerinners
08:06

Byld fan in eardere edysje

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
07:50

Mei tank oan 'de freule'

De keatswedstriid hat de namme te tankjen oan freule Clara Jacoba baronesse De Vos van Steenwijk (1869-1960). Se hie in bân mei Wommels omdat se dêr by famylje oer de flier kaam en sels in skoft by har neef yn de filla oan de Van Sminialeane wenne. Se hie dêr in eigen keamer. Letter ferhuze de freule nei Ingelân en Kanada.
Yn 1902 wie se by de Bûnspartij foar senioaren dy't yn Wommels ferkeatst waard en doe besleat se prizen beskikber te stellen foar in jongespartij. Noch altyd begjint de wedstriiddei moarns by it boarstbyld fan de freule.
07:40

Favoriten?

Der binne kânshawwers genôch en dochs is der gjin echte favoryt: dat is wat keatskenner Hijlko Broersma seit. "Der ha sân ôfdielingswedstriden west yn oanrin nei de Freule, mei fjouwer ferskillende winners: Dronryp, Sint-Anne, De Hommerts-Jutryp en Bitgum. Dat binne ek fuort de favoriten."
"Mar dêrneist binne der ek noch in hiel soad oare kânshawwers. Tink oan Seisbierrum-Pitersbierrum, Moarre-Ljussens, Raerd, Eksmoarre, Ljouwert of Niawier-Mitselwier-Easternijtsjerk. Fierder waard Spannum twadde op it NK, Frjentsjer soe ferrasse kinne mei PC-dielnimmer Jan-Tymen Eisma. Arum kin ek noch in outsider wurde, dy sitte wol ridlik yn de list. Koart sein: in útsprutsen favoryt is der net."
07:25

Folle tribunes

De Freule kin foar it earst yn trije jier wer foar folle tribunes ferkeatst wurde. Troch it coronafirus wie der yn 2020 hielendal gjin publyk by. Yn 2021 wiene der allinne mar sitplakken beskikber.
07:10

Lotting

Lotting fan de 120ste edysje

1. Arum 2. Folsgeare
3. Achlum 4. Jobbegea
5. Grou 6. Boalsert
7. Winsum 8. Wytmarsum
9. Driezum 10. Dronryp
11. Eksmoarre 12. Reduzum
13. Bitgum 14. Lollum-Waaksens
15. Stiens 16. Wommels
17. Nijewier 18. It Hearrenfean
19. Marsum 20. Snits
21. Raerd 22. Balk
23. Makkum 24. Moarre-Ljussens
25. Harns 26. Seisbierrum
27. Spannum 28. Wiuwert-Britswert
29. Goaiïngea 30. Aldebiltsyl
31. Frjentsjer 32. Sint-Anne
33. De Hommerts-Jutryp 34. Ljouwert
35. Reahûs-Turns
07:05

35 partoeren op de list

Ferline jier wienen der 35 partoeren en dit jier itselde oantal. Jonges dy't meidogge oan de Freule komme út foar harren eigen doarp. Alle doarpen kinne mar ien partoer ôffeardigje
07:00

Wolkom!

Yn dit liveblog dogge we ferslach fan de Freule yn Wommels, de belangrykste keatswedstriid foar jonges oant en mei 17 jier. Der stean 35 partoeren op de list. It is in spesjale edysje, want it is de 120ste Freule.
Folgje de Freule de hiele dei by Omrop Fryslân. Geert van Tuinen en Dirk-Jan van der Woud dogge ferslach op de radio en fansels is alles te folgjen yn dit liveblog.