Gondels foar gondelfeart Aldeboarn krije foarm: "Wy ferklappe noch net alles"

Ynwenners fan Aldeboarn binne dwaande mei de lêste wurksumheden oan harren gondels foar de jubileumedysje fan de gondelfeart op 26 augustus. It doel wie oarspronklik om yn 2020 it 75ste jubileum te fieren. Fanwegen corona gie dat doe net troch.
Doede Mellema fan de buert De Wynhoeke fernimt dat it bouwen fan de gondel goed ferrint: "Mar it moat allegear wol wer wat op gong komme." Hy is bliid om te sjen dat der sa'n soad minsken fan ferskillende generaasje meibouwe.
De pream fan De Wynhoeke hat dit jier de foarm fan fan in fleantúch. Der sitte noch gjin wjukken oan. "De Wynhoeke Airlines", laket Mellema. "Mar wy wolle noch net alles ferklappe."

De gondels binne troch ynwenners fan de ferskate buerten yn it doarp makke. Sy sille ek toanielspylje op de preammen. De measte teams begjinne al yn febrewaris mei de opbou.
Mear teams as oars
By de gondelfeart farre de 14 fersierde preammen twa kear oer rivier De Boarn troch it doarp. Suzanne de Vries, fan it bestjoer: "It hâldt net wer op. Fjirtjin gondels lang is it ien grut showstik."
Neffens de organisaasje dogge der mear teams mei as by eardere edysjes. De buerten meie sels it tema fan harren gondel útsykje. In eksterne sjuery sil de ûntwerpen fan de gondels beoardielje.
Dreamen
Yn it ramt fan it jubileum hat it bestjoer in tal dreamen formulearre. De Vries: "Bygelyks de grutte letters by it wolkomboerd fan Aldeboarn." In oare dream is dat der dizze edysje foar alle ynwenners fan Aldeboarn oranjekoeke regele is.
By De Wynhoeke binne se mar wat bliid dat nei corona de feart wer trochgean kin: "Je mist dat enorm. Het zorgt voor veel saamhorigheid in het dorp."
Ferslachjouwer Earryt Sijens by de gondels yn Aldeboarn