Fûgelwacht Tsjalbert begjint jeugdôfdieling om fergrizing te ferhelpen

In einekoer © Fûgelwacht
It wurdt hieltyd lestiger om minsken te finen foar de fûgelwacht. In protte ferienings fernimme de gefolgen fan de fergrizing. Om dat wat te beheinen, hat de fûgelwacht Tsjalbert/De Streek jongerenôfdieling oprjochte.
"We ha krekt as oare fûgelwachten in probleem mei fergrizing. Us âldste neisoarger is 84 jier en we wolle wol graach opfolging ha", seit Jouke de Glee fan de fûgelwacht. "Wy hoopje dat wy mei de start fan ús jeugdôfdieling foar opfolging soargje kinne."

Gastlessen op basisskoallen

Se binne dêrom dit jier foarsichtich begûn mei it oanlûken fan jeugd. Sa wurde der gastlessen jûn op basisskoallen en De Glee hat mei in klupke nei de Jeugdfûgelwachtdei fan it Bûn Fryske Fûgelwachten yn Warkum west. Dit hat fertuten dien: "De reaksjes wiene entûsjast en wy hawwe no in klupke fan seis bern dy't wy opliede sille ta neisoarger."
Jonge fûgelwachters © Omrop Fryslân, Esther Dijkstra
Oanmelde foar de jeugdôfdieling kin noch altyd. "We ha no in lyts klupke. It hoege der gjin hûndert te wurden, mar it soe moai wêze as we mei de jeugd each hâlde kinne foar de takomst fan de greidefûgels."
Jouke de Glee fan de fûgelwacht