Septimber is 'pridemoanne' yn Ljouwert om akseptaasje LHBTI'ers te befoarderjen

In byld fan Rôze Sneon yn Ljouwert ferline jier © ANP
Ljouwert sil yn de moanne septimber optille fan de 'pride-aktiviteiten'. Dat binne aktiviteiten dy't de akseptaasje fan LHBTI-minsken befoarderje moatte.
Want dat is noch hurd nedich, seit Brenda de Groot fan it COC, de belangeferiening fan LHBTI'ers. "Je merkt dat mensen nog steeds geweigerd worden bij bepaalde plekken. Bijvoorbeeld op de eilanden, daar zie je dat er problemen zijn bij de acceptatie van de doelgroep."

Dragbingo

De hiele moanne wurdt fan alles organisearre yn Ljouwert. Sa stiet der in famyljedei en in dragbingo op it programma. Ek wurdt in saneamde 'pride parade' organisearre. In bûnte optocht fan safolle mooglik minsken rint dan troch de stêd om omtinken te freegjen foar likense rjochten fan LHBTI'ers.
"Tijdens Roze Zaterdag hebben we dat ook al georganiseerd, maar dit jaar varen we niet met boten, maar gaan we een 'walk' doen", seit De Groot.
De optocht krijt in wat aktivistysk karakter. "Dat is hoe het ontstaan is, uit protest, en dat is ook waar we naar terug willen."
Ferslachjouwer Lennard Geerts yn petear mei Brenda de Groot