Brânwacht set protte materieel yn by brân yn heabult Terwispel

De brânwacht yn aksje © ProNews
Der is brân ûntstien yn in stapel hea op in terrein op it Kolderveen by Terwispel. De brânwacht hat aardich wat materieel nedich by it útmeitsjen fan it fjoer.
Om't der ek ferlet wie fan in protte brânwachtlju, is der opskaald nei 'middelbrân'. Der waarden twa wetterweinen oproppen en der waard ek in kraan ynset om it hea út elkoar te heljen.