Ljouwerter belutsen by deadlik ûngelok op Highland Games yn Geldrop

De plysje docht ûndersyk © ANP
In 22-jierrige man út Ljouwert is belutsen by it deadlik ûngelok op de Highland Games yn it Brabânske Geldrop. In 65-jierrige man kaam snein om it libben, nei't er rekke waard troch in metalen bal oan in houten stôk.
Neffens de plysje hat de Ljouwerter de kûgel smiten. Hy soe by it ûnderdiel hammersmiten stroffele wêze. It slachtoffer út Geldrop wie gjin taskôger by de Highland Games. Hy kuiere yn in blommetún njonken it terrein dêr't it evenemint hâlden waard.

Needlottich ûngefal

Foarearst giet de plysje út fan in needlottich ûngefal en wurdt de Ljouwerter net strafrjochtlik ferfolge, seit ferslachjouwer Raymond Merkx fan Omroep Brabant. De diskusje giet no benammen oer oft it evenemint wol hâlden wurde mocht. De plysje en de gemeente Geldrop-Mierlo dogge dêr ûndersyk nei.
De Highland Games wiene foar it earst op it terrein yn Geldrop, as ûnderdiel fan oare aktiviteiten, mar der soe gjin aparte fergunning foar it kampioenskip oanfrege wêze. Dêrtroch binne der kontrôles dy't gewoanwei by eveneminten dien wurde, net útfierd.
Ek hat de Stichting Landgoed Kasteel Geldrop gjin permaninte evenemintefergunning. Dit waard snein nei it ynsidint wol beweard troch de gemeente.
Die man liep daar nietsvermoedend aan de andere kant van de heg en toen kwam ineens die bal over die heg heen.
Raymond Merkx, ferslachjouwer by Omroep Brabant
It plak dêr't smiten waard, wie ôfset mei hege stekken. Dêr't it slachtoffer rûn, wie allinnich in hage. Neffens tsjûgen koe de man de izeren bal net oankommen sjen, fertelt Merkx. "Die man liep daar nietsvermoedend aan de andere kant van de heg en toen kwam ineens die bal over die heg heen."
Neffens de organisaasje fan de Highland Games hat der nei it ûngelok kontakt west tusken de man dy't de kûgel smiten hat en de frou fan it slachtoffer. Der soe ûnderling begryp wêze en it petear soe "heel emotioneel, maar wel verbindend" west ha, seit Merkx.