Noardeast-Fryslân: "Allinnich gearwurking mei Dantumadiel as it liedt ta fúzje"

Wethâlder Aant Jelle Soepboer fan Noardeast-Fryslân © Omrop Fryslân
De gemeente Noardeast-Fryslân wol dúdlikheid hawwe oer de gearwurking mei de gemeente Dantumadiel. Noardeast-Fryslân wol allinnich trochgean mei dy gearwurking as it liedt ta in fúzje.
Yn 2019 hienen se dêr yn Dantumadiel noch fan ôfsjoen. Der kaam wol in 'amtlike gearwurking', mar fan beide kanten foldie dat eins net. Fan 1 jannewaris 2024 ôf hâldt dy gearwurking op.

Stip oan de hoarizon

It wie de bedoeling dat op guon terreinen noch wol oparbeide wurde soe, mar wat de ried fan Noardeast-Fryslân oanbelanget, bart dat allinnich as dêrnei in fúzje folget. "Ik tink dat der fan beide kanten ferlet is fan dúdlikheid", seit wethâlder Aant Jelle Soepboer fan de gemeente Noardeast-Fryslân.
"Der is noch hieltyd in mooglikheid ta gearwurking, mar dan moat wol dúdlik wêze wat foar ús it nut fan dy gearwurking is", seit Soepboer.
Neffens him ûntbrekt der no 'in bestjoerlike stip oan de hoarizon'. "Us ried hat no sein: 'neffens ús is dy stip in bestjoerlike fúzje tusken pak him beet seis en acht jier'."

'As goede buorren fierder'

As Dantumadiel dêr net yn meigiet, dan hâldt de gearwurking tusken beide gemeenten op, stelt Soepboer, dy't net sprekke wol fan in ultimatum.
Neffens Soepboer giet it benammen oer it krijen fan dúdlikheid. "Op dit stuit binne we der beiden net hiel tefreden oer en ik wol graach as goede buorren fierder. As je it derop oankomme litte, dan is dat aanst miskien net sa. Dat soe ik hiel spitich fine."
De gemeente Dantumadiel koe noch net reagearje op de kwestje.