"In útsprutsen favoryt foar de Freule is der net"

Hijlko Broersma © Omrop Fryslân
Kânshawwers genôch en gjin echte favoryt. Dat is wat we neffens keatskenner Hijlko Broersma ferwachtsje kinne fan de 120e Freulepartij, moarn yn Wommels.
Wa't even mei keatskenners praat oer favoriten en outsiders, heart hast de helte fan de list foarby kommen. Foarsitter Tjeerd Dijkstra fan de Freule ferwachtet in hiel iepen wedstriid.
Hijlko Broersma, al jierren foar Omrop Fryslân lâns de keatsfjilden te finen, slút him dêrby oan.
Wa binne de favoriten neffens dy?
"Der ha sân ôfdielingswedstriden west yn oanrin nei de Freule, mei fjouwer ferskillende winners: Dronryp, Sint-Anne, De Hommerts-Jutryp en Bitgum. Dat binne ek fuort de favoriten.
Mar dêrneist binne der ek noch in hiel soad oare kânshawwers. Tink oan Seisbierrum-Pitersbierrum, Moarre-Ljussens, Raerd, Eksmoarre, Ljouwert of Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk.
Fierder waard Spannum twadde op it NK, Frjentsjer soe ferrasse kinne mei PC-dielnimmer Jan-Tymen Eisma. Arum kin ek noch in outsider wurde, dy sitte wol ridlik yn de list.
Koartsein: in útsprutsen favoryt is der net."
De Freule is woansdei de hiele dei te folgjen by Omrop Fryslân. Geert van Tuinen en Dirk-Jan van der Woud dogge ferslach op de radio, online hâlde we in liveblog by.
Wat fynst fan de lotting?
"De favoriten ha swier lotte. Op 31, 32, 33 en 34 sitte fjouwer favoriten of outsiders. Dêrfan bliuwt nei twa omlopen noch mar ien oer. In slachtpartij, dêr ûnderyn de list."
"Op de twadde list kinne Eksmoarre en Bitgum elkoar tsjinkomme, op de tredde list al Dronryp en Bitgum. Ien fan dy twa sneuvelet foar de prizen.
In finale soe Sint-Anne tsjin Dronryp of Bitgum wurde kinne. Bitgum wûn snein de generale yn Frentsjer en it is fyftich jier lyn dat se de Freule foar it lêst wûn ha. Dat soe wol bysûnder wêze, as se 'm no wer winne."
Oer it tal dielnimmers is genôch sein de ôfrûne dagen: 35. Sit dêr wat bysûnders tusken?
"35 is like folle as ferline jier. Dat wie doe in djiptepunt."
Opfallend is dat bekende keatsdoarpen as Sint-Jabik, Berltsum en Minnertsgea der net by binne.
Hijlko Broersma
"Boppedat is doe de leeftiidsgrins ek noch oplutsen: it wie altyd foar keatsers oant en mei 16/17 jier, mar no oant en mei 17/18 jier.
Opfallend is dat bekende keatsdoarpen as Sint-Jabik, Berltsum en Minnertsgea der net by binne. Dêr sit net sa'n soad op it stuit.
Balk, yn de hoeke fan it keatswrâldsje, is der krekt wol by. En foar it earst ek Jobbegea-Hoarnstersweach."
Binne der noch mear opfallende partoeren?
"Foar Snits docht in pupillepartoer mei: Frans en Ruud Oosterbaan binne sa jong noch. As bynamme ha se 'de Hylke en Sytse fan it keatsen' krigen.
Se komme fan Skearnegoutum, mar fan it simmer binne se ferhûze. It moaie is ek: foar Skearnegoutum ha se dit seizoen de skoaljongesbûnwedstriid wûn, mar it pupillejongesbûn net."
Yn hoefier is winst op de Freule in garânsje foar in glânsrike keatskarriêre?
"Dêr is eins neat oer te sizzen. De ôfrûne jierren sieten by de winners wol wat jonges dy't it no goed dogge by de grutten. Sjoch nei Steven Koster, dy wûn ferline jier de Freule mei Tsjom. Ofrûne snein pakte er yn de haadklasse de twadde priis yn Wytmarsum, dat is wol moai."
Yn 2021 wûn it partoer fan Tsjom de Freule © Henk Bootsma
"Twa jier lyn wûn Dronryp. Fan dat partoer dogge Jorn-Lars van Beem en Rick Minnesma it no ek goed, dy ha krekt as Koster op de PC keatst ferline wike. En dat jildt ek foar Hessel Postma, trije jier lyn winner mei Winsum. Dy wûn as ynfaller dit jier sels al in haadklassepartij.
Mar it is dus dreech om te sizzen oft der dit jier wer sokke talinten by sitte?
"Talint is der genôch, mar de fraach is hoe bot oft se trochgroeie. Ast de jonges kwa leeftiid ûntgroeist, moatst net fuort de grutte stap meitsje wolle. Kinst better op de twadde klasse keatse mei in rûtinier derby, dan komst it fierst."
Sjochst dernei út?
"Altyd. Al kin ik der moarn spitigernôch net by wêze fanwegen twa positive selstests. Dus ik sil it op de radio folgje."

Lotting 120e Freule

1. Arum 2. Folsgeare
3. Achlum 4. Jobbegea
5. Grou 6. Boalsert
7. Winsum 8. Wytmarsum
9. Driezum 10. Dronryp
11. Eksmoarre 12. Reduzum
13. Bitgum 14. Lollum-Waaksens
15. Stiens 16. Wommels
17. Nijewier 18. It Hearrenfean
19. Marsum 20. Snits
21. Raerd 22. Balk
23. Makkum 24. Moarre-Ljussens
25. Harns 26. Seisbierrum
27. Spannum 28. Wiuwert-Britswert
29. Goaiïngea 30. Aldebiltsyl
31. Frjentsjer 32. Sint-Anne
33. De Hommerts-Jutryp 34. Ljouwert
35. Reahûs-Turns