'Simmer yn Fryslân' is by in eigen 'boeremuseum' yn Wyns

Simmer yn Wyns
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we tiisdei yn Jirnsum. Ferslachjouwer Lennie Bronsveld dompelet har ûnder yn de skiednis fan de boeren.
Oege Hoekstra hat in kop-rompbuorkerij en hat troch de tiid hinne allegearre (âld) boere-ark sammele. Sa hat er hast in museum makke.
Mar as minsken by him thús komme om alles te besjen, dan stjoert er se troch nei it Frysk Lânboumuseum! Oars moat er der altyd foar thúsbliuwe. Hy hat goeie kontakten mei it museum. Hy fynt it hearlik om yn Wyns te wenjen. Yn de simmer moai wat reuring.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Woansdei 10 augustus is Omrop Fryslân yn Wommels. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.