Boa's fan It Fryske Gea hawwe no ek pepperspray en hânboeien

Boa's fan It Fryske Gea © RTV NOF
Pepperspray, in wapenstôk, hânboeien; de boa's fan It Fryske Gea hawwe in hiel arsenaal krigen om harren te ferdigenjen. En dat is nedich ek, sizze se: "Je binne faak allinnich op plakken dêr't gjin oare minsken binne. Dan kin der wol wat barre."
Tafersjochhâlder Bert (hy wol net mei syn achternamme op ynternet) fan natuergebiet De Alde Feanen fertelt: "Net eltsenien hat der in goed gefoel by as se oansprutsen wurde op harren gedrach. Dan kinne de spanningen wolris oprinne."

Rollebolje

Neffens him sille de boa's earst besykje om it ferbaal op te lossen, mar dat slagget net altyd. Dat sjocht ek boa-koördinator Richard. "Het is niet zo dat we om de haverklap liggen te rollebollen met mensen, maar je komt wel steeds meer mensen tegen die zoiets hebben van: 'wat doe je hier eigenlijk en waar bemoei jij je mee?'"
It giet dan benammen om minsken mei losrinnende hûnen, minsken dy't rinne en fytse dêr't dat net mei en minsken dy't yllegaal earne kampearje.
RTV NOF gong op paad mei de griene boa's:
As it út de hân driigde te rinnen, dan namen de boa's faak wat ôfstân. No't se bewapening hawwe, hoecht dat net mear fuort. "Het wil niet zeggen dat we er nu in batsen, maar wij kunnen nu wel iets, mocht er wat gebeuren."
De boa's steane ek yn kontakt mei de meldkeamer fan de plysje. "Dat geeft ons al een stuk vertrouwen. Ze weten waar we zijn."