Topreedriders wer los yn Thialf: "Ien wike langebaaniis kostet 30.000 euro"

It iis yn Thialf leit der wer yn. Foarearst allinnich noch mar foar de profs, mar ynkoarten kin eltsenien der gebrûk fan meitsje. Dat iis yn de simmer is trouwens net om 'e nocht: ien wike langebaaniis kostet 30.000 euro.
Marijke Groenewoud is út 'e skroeven: it kin wer. De Hallumse langebaanreedrydster is wer oan it trainen yn Thialf. "Hearlik! Benammen as it bûten sa waarm is, dan kinst lekker ôfkuolje."
Gemeente en provinsje betelje mei
De profs binne dus hartstikke bliid mei it iis, mar der is ek wolris krityk. Sa kostet it in soad enerzjy om in goeie iisflier te krijen. "Der sille altyd kritisy wêze", seit ynterim-direkteur Minne Dolstra fan Thialf dêroer.
"Mar we hawwe krekt de Olympyske Spelen hân en dan fine dy minsken it ek moai om der op telefyzje nei te sjen. En om sa hurd ride te kinnen, moat der ek traind wurde." De stroom komt fan in wynmûnepark op it Iselmar en daliks ek fan sinnepanielen.

Mei de hjoeddeiske enerzjyprizen kostet it ek in soad jild. "In wike langebaaniis kostet 30.000 euro en foar it shorttrack 15.000 euro." It jild komt ûnder mear fan de riders sels, NOC*NSF en de KNSB, mar ek fan de gemeente Hearrenfean en de provinsje Fryslân as oandielhâlders.
Simmeriis foar topreedriders
It kostet wat, mar dan hawwe je ek wat. It iis is goed en dus kin trainer Jillert Anema fuort sjen hoe't syn pupillen deroan ta binne. "Je stappe op it iis om te sjen oft de timing noch goed is. We hawwe fytst, skeelere, draafd en we hawwe wat krêfttraining dien. No wolst kontrolearje oft dat sukses hân hat. Ride we hurder?"
Hie earder mochten
Wat Anema oanbelanget hie it iis der noch wol earder lizze mochten. "Dan hiest yn juny al efkes peile kind. No hawwe we twa trainingsblokken sûnder reedriden efter inoar hân. We hawwe ús planning derop oanpast."
Thialf is op dit stuit allinnich iepen foar de topreedriders. Fan septimber, oktober ôf meie ek de rekreanten wer it iis op.