Deade persoan yn wetter by Heech net omkaam troch misdriuw

De persoan fan wa't moandei yn it wetter by Heech it libbenleaze lichem oantroffen is, is net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat meldt de plysje.
It lichem waard moandeitejûn fûn yn it wetter by De Burd. De identiteit fan de persoan is noch net bekend.