Sylskip by Skiermûntseach rint fêst; alle opfarrenden fan board

De rêding fan it skip © Kustwacht
De Kustwacht hat 24 opfarrenden yn feilichheid brocht nei't it skip dêr't se op sieten, fêstrûn wie. It skip hie in betonblok fan in boei rekke en dat feroarsake flink wat skea oan de ûnderkant.
De rêdingsaksje wie freed. It skip Isis fear súdlik fan Skiermûntseach. De Kustwacht rôp help yn fan de rêdingsboaten fan de KNRM, fan de stasjons op Skier en Lauwerseach. Ek Bos Marine Services Vrijheid holp mei.
It wie min waar, mar it slagge om de passazjiers, wêrûnder fiif bern, fan board te heljen. Se binne op Lauwerseach opfongen. Nei in needreparaasje is it skip nei de haven fan Lauwerseach sleept.