'Simmer yn Fryslân': "Walking Football" yn Jirnsum

'Simmer yn Fryslân': fuotbalje yn Jirnsum
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we moandei yn Jirnsum. Ferslachjouwer Lennie Bronsveld is op it fuotbalfjild.
It binne allegear stjerspilers en se libje har goed út op it fjild. De manlju spylje dan ek net samar fuotbal, mar "Walking Football". Hjirby is it fjild mar in kwart fan in gewoan fuotbalfjild en leit it tempo ek krekt wat leger, want oer it generaal kuierje de spilers oer it fjild yn stee fan dat se achter de bal oan drave.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Tiisdei 9 augustus is Omrop Fryslân yn Wyns en Bartlehiem. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.