LTO Noord nimt ôfstân fan 'Statement LTO Noord' dat yn app-groepen rûngiet

Trekkers by it protest yn Stroe © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn guon app-groepen giet in dokumint rûn mei de titel 'Statement LTO Noord'. It soe komme fan '9 regio afdelingen van LTO Noord'. LTO Noord lit witte dat it dokumint net fan de ôfdielingen fan LTO Noord komt.
Yn it dokumint stiet dat der noed is oer de 'wisselvallige en onbetrouwbare koers van de voorzitter van LTO Nederland, Sjaak van der Tak.'
LTO Noord nimt dus ôfstân fan it dokumint, net ien fan har ôfdielingen is de ôfstjoerder. En ek ynhâldlik binne se it net iens mei de stânpunten.
Op in ledewebinar wurdt moandeitejûn praat oer it ferkennende petear mei it kabinet, dat freed wie. Dêr komt ek dit dokumint oan de oarder.