Brânput by Oerterp folsmiten mei jarre, brânwacht hindere by it wurk

De brânput fol mei jarre © politie.nl
De brânwacht is ôfrûne sneon bot hindere by it dwêsten fan bermbrantsjes yn de omkriten fan de N381 by Oerterp. Der wie nammentlik jarre yn in brânput smiten.
Yn de nacht fan freed op sneon moast de brânwacht al meardere kearen yn aksje komme foar in bermbrân en sneontemiddei wie dat wer it gefal. De brânwacht hie dêrby wat ekstra wetter nedich en woe dêrfoar in brânput oan de Mersken yn Oerterp brûke.

"Onacceptabel"

Doe die bliken dat dy folsmiten wie mei jarre. De brânwacht koe de put doe net mear brûke, want oars soe de brânwachtauto skansearre reitsje. "Dit is onacceptabel", seit Ingrid Coenen fan de plysje Noard-Nederlân.
De minsken fan de brânwacht slaggen der úteinlik wol yn om it fjoer út te krijen. De put is yntusken skjinmakke. Dy kin wer brûkt wurde. "Het is goed afgelopen, maar je kunt je voorstellen dat iedere seconde ertoe doet bij een ander soort brand. Dus wij nemen het hoog op."
It plak fan de brân © politie.nl
De plysje siket tsjûgen fan it stoarten fan de jarre yn de put. Minsken dy't wat witte, kinne harren melde by de plysje. De plysje tinkt dêrby ek oan bylden fan doarbelkamera's fan minsken oan de Mersken.
De link mei de boereprotesten fan de lêste tiid wol de plysje noch net lûke. "We willen het onderzoek met open vizier doen. Eerst de persoon vinden en daarna willen we in gesprek gaan over de motieven", seit Coenen.
"Dit is niet iets wat per ongeluk gebeurd kan zijn", giet se fierder. "Het deksel moet er echt afgehaald worden." Neffens Coenen is dat op himsels net in hiele grutte opjefte: "De deksels zijn er in principe gewoon af te halen, zodat de brandweer goede toegang heeft. In een noodgeval is het belangrijk dat je er direct bij kunt."