Minder sigaretten op strannen, mar noch wol hieltyd ôffal fan MSC Zoe

In My Little Pony op it strân fan Flylân © De Vries Media
Op 'e nij is by skjinmakaksjes fan de Waadeilannen guod fan it kontenerrampskip MSC Zoe fûn. Goed nijs is dat de oprommers wol minder sigarettepeuken tsjinkaam binne op de strannen.
Alle jierren hâldt stichting De Noordzee in Beach Cleanup Tour lâns de hiele Nederlânske kust. De ôfrûne wike wie de stichting mei groepen frijwilligers op de strannen fan de Waadeilannen.
Mei elkoar is 1.759 kilo ôffal oprêden troch 319 frijwilligers. Ferline jier wie dat 2.062 kilo.

Ferpakking út 1983

It âldste objekt dat dêrby fûn is, is in pak apelsop út 1983. Fierder is der dus wer fan alles fûn dat ôfkomstich is fan de MSC Zoe, it skip dat yn jannewaris 2019 mear as trijehûndert konteners ferlear op see.
"Er zijn stukjes van allerlei IKEA-mandjes gevonden", fertelt Marijke Boonstra fan stichting De Noordzee. "Verder allerlei plastic korreltjes en ook weer een My Little Pony."
© Mart Smit | Stichting De Noordzee
Ien foarwerp dêr't de oprommers ekstra goed om tinke, binne sigarettefilters. Dêr lei de fokus foarich jier ek al op. Wat dat oanbelanget is der goed nijs: "Daar zijn er minder van dan vorig jaar, in ieder geval op de Wadden."

Fûgelgryp

Op oare plakken, lykas Seelân, wurde noch wol in soad peuken fûn. "Ook veel kleiner afval en helaas veel dode vogels, vanwege de vogelgriep."
"Het is een heel naar gezicht. Het is belangrijk om afstand te houden van de dode en zieke vogels om de vogelgriep niet verder te verspreiden. We staan deze Tour ook stil bij het belang van bescherming en biodiversiteit van de Noordzeenatuur, en dit laat zien hoe belangrijk het is om zorg te dragen voor een weerbaar en veerkrachtig ecosysteem", seit Sebastiaan Verkade fan de Beach Cleanup Tour.
Takom jier is der wer in Beach Cleanup Tour, dan foar de tsiende kear. Boonstra: "We gaan door zolang het nodig is. En helaas zien we dat er nog steeds veel afval aanspoelt uit zee en dat er veel afval wordt achtergelaten."
De ramp mei de MSC Zoe hat wol foar bewustwêzen soarge, konkludearre de stichting ferline jier, mar it kin noch better. "We willen nog meer bewustzijn bij zowel politiek en publiek voor de aanpak van afval in zee", beslút Marijke Boonstra.